Eastrum Stienfabryk

It stienfabryk fan Eastrum is in eardere masinale stienbakkerij, oan it Dokkumer Grutdjip.

Eastrum Stienfabryk
Earder stienfabryk oan it Dokkumergrutdjip, ûnder Eastrum

Skiednis

Eastrum Stienfabryk 
Skoarstien mei mitsele nissen

It bedriuw tichtby Eastrum waard om 1872 hinne oprjochte troch Jan Helder (1842-1906). Nei syn ferstjerren yn 1906 stie it bedriuw bekend ûnder de namme N.V. Machinale Steenfabriek te Oostrum v/h J. Helder Pzn. It bedriuw soe benei hûndert jier bakstiennen meitsje. Yn 1968 waard de stienfabrikaazje beëinige yn it ramt fan de sanearring fan de bakstienyndustry yn Nederlân. De bedriuwsgebouwen waarden yn 1969 yn de ferkeap setten. It terrein wurdt sûnttiids brûkt as opslachterrein fan in oannimmer.

Bysûnder is de skoarstien, dêr't it ûnderste part fan út 1872 is. It ûnderste diel is fersierd mei mitsele nissen (sjoch detailôfbylding). Oarspronklik foarme de kraach fan siermitselwurk de ein fan de skoarstien. Yn 1879 waard de skoarstien langer makke. Dielen fan it fabrykskompleks binne erkend as ryksmonumint en wurde sjoen as wichtich yndustrieel erfguod.

Al yn de midsiuwen waard der sprutsen fan it meitsjen fan bakstien yn Eastrum. Oan dy tradysje kaam in ein yn 1968. De ringûne is in foarbyld fan 'ien fan de ierste goed wurkjende ringûnen yn Nederlân'. It fabryk is it ienichste noch geve foarbyld yn syn soarte yn Fryslân.

Desimber 2017 waard bekend dat de piip fan it fabryk restaurearre wurde sil. De eigener is fan doel om in museum en in fergaderseal ydn it âld fabryk te realisearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Dokkumer GrutdjipStienbakkerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IsraelKlassisisme1906Salomon Levy26 maart1920SkriuwerVina Sky31 jannewarisGeslachtsidentiteitAuxiliary Power UnitNew York (steat)Sharon Lee (pornografysk aktrise)1928IzerKairoFandalenAmerikaanske dollar1899MalyGrêfGerald FordOflûken (seksualiteit)20e iuwMarijetsjerke (Wierum)Spaanske regio's1994PakistanOhioGodMoriah Mills1882PresidintIvan IV fan RuslânLatynEmily RatajkowskiTaalWikipedyHurde pornografyFeriene Steaten67SwedenLissabon5 jannewarisSkriftCayden MooreLofthaven Frankfurt am Main16e iuwJapanske yen17Jasmine AlohaMarijn KuipersWenenAlberto Ascari19e iuw1e iuwYndianenSint-Marten (lân)SkilderijIerlânMakauRhythm and bluesUtah15 septimberKarakterisearringBlanche Bradburry8Hertz (ienheid)LibeariaSpulTFryske stêden🡆 More