Ringriderij

Ringstekken of ringriden is in folkloristyske tradysje wêrby't dielnimmers, op in Frysk hynder, sjeas of ferdekte wein dy't efter it hynder spand is, in lâns troch in ring besiket te stekken.

Dizze tradysje, dy't yn bepaalde streken as sport dien wurdt, komt foar yn Nederlân, Dútslân en Denemark.

Ringriderij
Ringriden yn Ljussens
Bylden fan ringriderij yn St. Joosland, 1931
Ringriderij yn Seelân, 1951

It ringstekken kin op ferskate wizen dien wurde. Mei it hynder ûnder de man mar ek wol út in sjeas wei. Yn de Siuwske fariant sitte de ringstekkers op in hynder en wurdt ringstekken benammen as serieuze sport beoefene. Yn West-Fryslân sitte de dielnimmers op in karke dat efter it hynder spand is. Njonken de bestjoerders fan de karre sit dejinge dy't de ringsteklâns fêsthâldt en de ringen stekt. Dizze foarm fan ringstekken is mear rjochte op it folkloristysk aspekt. It ringstekken is in pear iuwen ferlyn ûntstien as spul op jiermerken, dêr't alle boeren gearkamen. Tsjintwurdich wurde der faak spesjale eveneminten foar organisearre of wurdt it ringstekken op Keninginnedei hâlden. Faak is it anneks mei in soad folkloristyske trivia, lykas ferdekte weinen en drachten. Inkele ringstekwedstriden (bygelyks op De Jouwer lûke in soad taskôgers.

Siuwske fariant

De dielnimmers binne tradisjoneel boeren út de streek dêr't it evenemint hâlden wurdt. It is in spul dêr't de dielnimmer, sittend op in hynder (leafst in boerewurkhynder) yn galop troch de ringbaan rydt en besiket in lâns dy't hy yn de hân hat troch in ring te stekken dy't healwei de ringbaan hinget oan in izerene bus. De wedstriidring hat in trochsneed fan 38 mm. As op 'e ein fan de dei meardere meidoggers in like grut oantal ringen stutsen hat begjint in folgjende faze fan de wedstriid; it saneamde kampen. Hjirby wurdt de wedstriidring hieltiten in stap ferlytse en wa't de ring mist falt ôf.

Ringriderij 
Ringstekken mei sjezen en boerekarren, 29-04-2006

Oare farianten

  • Yn Ouderkerk aan de Amstel bestiet sûnt inkele jierren de tradysje fan it ringstekken út auto's wei.
  • In fariant fan ringstekken is tûntsje stekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

DenemarkDútslânFolkloareFrysk hynderNederlânSjeasSportTradysje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

One Bullet LeftBruce VentureReuze-ibisMichelle SambaLetskKunnilingusCassandra WildeAlabamaKetsjûa (taal)GodLibrary of Congress6 augustus6 maartWikidataPaul McCartneyJapanKazachskWet1476SekshâldingScience fiction1399BierbrouwerijTabatha CashKazankleaster (Jaroslavl)BehaIbissenKornelis Hendrikus ElleboogiusAbe LenstraOffisjele taal441697TurkijePetrus Boele Jacobus FerfWilliam ShakespeareLolita (pornografysk aktrise)CSwedenNeakenmodelMoriah MillsSimone HorváthKya TropicSome Like It Hot (film út 1959)JannewarisComité flamand de FranceSean LawlessTurkskHo Chi MinhstêdMahina ZaltanaRachel AzianiTanya HansenHulst (gemeente)Feriene KeninkrykPapoea Nij-GuineäJaïnismeKelsi MonroeWylpreagerfûgelsElizabeth KooyAluminiumHohenstein (Hessen)Shae SummersPhilippe Soine11 novimberVivaldi (webblêder)Jade KushAletta Oceanb3mn82011Stellingwerven23 junyJ.R. CarringtonSaya SongMûnein🡆 More