Radiaaldieren

De radiaaldieren (Latynske namme: Radiata) foarmje in tuskenryk fan it ryk fan 'e bisten (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), dat tegearre mei it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) ûnderbrocht wurdt by it rangleaze tuskentakson fan 'e weefseldieren (Eumetazoa).

Radiaaldieren binne alsidich symmetrysk boude bisten, dy't in mûle hawwe mei dêromhinne in krâns fan tentakels. Se omfiemje fierders twa sellagen: in bûtenste (de ektoderm of bûtenhûd) en in binnenste (de endoderm of binnenhûd), wêrfan't de lêste de termholte beklaait. Soms wurdt foar de radiaaldieren ek de term holtedieren (Coelenterata) brûkt, mar dat moat ûntret wurde, mei't dy namme foarhinne ek brûkt waard om 'e spûnsdieren (Parazoa) oan te tsjutten.

Radiaaldieren
In earkwab (Aurelia aurita).
In earkwab (Aurelia aurita).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
Cuvier, 1834

Underferdieling

It tuskenryk radiaaldieren bestiet út twa libbene stammen, wylst in trêdenien útstoarn is:

  • netteldieren (Cnidaria)
  • ribkwabben (Ctenophora)
  • Trilobozoa

Ta de netteldieren hearre de skiifkwabben, polipen en koralen. Hoewol't in symmetryske lichemsbou yn 'e regel jûn wurdt as it definiëarjende skaaimerk fan radiaaldieren, fertoane guon netteldieren yn it larvale stadium in ûnmiskenbere twasidige symmetry. Dêrom tinke guon saakkundigen dat in twasidige symmetry him al earder ûntwikkele hawwe moat as by it útinoarfallen fan 'e radiaaldieren en de twasidigen, wat betsjutte soe dat symmetry yn radiaaldieren gjin primêr skaaimerk id. Sadwaande is de term 'radiaaldieren' no stadichoan út 'e graasje oan it reitsjen yn 'e wittenskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BistenEchte dierenHoltedierenLatynMûleRyk (taksonomy)TaksonTuskenrykTwasidigenWeefseldierenÛnderryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2018Sûlû (taal)StraasburchJildCowgirlhâldingBlau11e iuwDeaKremaasje26 aprilWalt DisneyRoemeenjeOerflakteShae SummersWiskonsinAngelica BellaList fan sterke tiidwurden yn it FryskOdysseeNew York Stock ExchangeSeksualiteitPeter Johann Nepomuk Geiger1995Groep fan AuwerkNoard-AmearikaHear bliuw my neiPornofilmTeravadaNoard-KoreäGryksk10e iuw1814Rae Lil Black2016TatoeaazjeDenemark2002EkonomyDylan Ryder69 (sekshâlding)FrankrykEmigraasjeGriene ibisNicole Oring189720 oktober23 novimber7 maaieMaster fan Alle RingenVina SkyAfganistan1998Frouljus-PC6e iuwDútske KeizerrykKolonisaasjeMay ThaiAldehou (toer)192723 febrewaris1676Dûbele penetraasjeLânKatolisismeWinterRobert NivelleHaadsideIuwskemaArabyskWebsiteLavish StylesRestaurantManon Flier🡆 More