Lutske Wester

Lutske Wybes Wester (Earnewâld, 24 april 1870 - Eastermar, 19 jannewaris 1912) wie in Fryske, tige súksesfolle, 19e-iuwske koartebaan hurdrydster.

Lutske Wester
Lutske Wester

Lutske Wester wie in dochter fan Wybe Harrits Wester en Grietje Andries Meyer. Doe't se 15 jier wie, ried se har earste wedstriid yn Grins. Sy wie tusken 1885 en 1908 aktyf as hurdrydster. Yn de strange winter fan 1890 op 1891 wûn hja yn 11 dagen tsien earste prizen en ien twadde priis. Se ried wedstriden mei ferskate persoanen dêr't har oerwicht by bliken die.

Der wurdt skreaun dat Wester in dreech en in swier libben hie. Se troude twaris. Har earste houlik wie mei Tjipke Wijmenga; se krigen ien soan. Har twadde houlik wie mei Cornelis Laverman yn 1909. Se arbeide hiel hurd op de pleats. Ek doe't har bern noch mar 14 dagen âld wie, wie se al wer oan it riden. Sy stoar jong op 20 jannewaris 1912, 41 jier âld.

Lutske Wester wie in muoike fan hurdrydster Griet Bijlsma (* 1915), ek fan Earnewâld.

Prestaasjes

Unfolslein

    Yndivideel
    1st priis (f 19,-) - 9 jannewaris 1891 yn Ljouwert
    1st priis (f 20,-) - 22 jannewaris 1892 yn Boarnburgum
    1st priis (f 40,-) - jan. 1892 yn Ljouwert
    1st priis (f 25,-) - jan. 1893 yn Frjentsjer
    1st priis (f 50,-) - 11 febrewaris 1894 yn Ljouwert
    Mei neef Harrit Popkes Wester
    3e priis (f 20,-) - 1 febrewaris 1895 yn Ljouwert
    3e priis (f 10,-) - 3 feb. 1895 yn Ljouwert
    2e priis (f 70,-) - 16 jan. 1897 yn Drachten
    1e priis (f 70,-) - 2 des. 1889 yn Grou
    1e priis (f 60,-) - 11 des. 1890 op De Jouwer
    1e priis (f 100,-) - 13 des. 1890 yn Ljouwert
    1e priis (f 150,-) - 15 des. 1890 yn Ljouwert
    1e priis (f 80,-) - 16 des. 1890 yn Aldtsjerk
    1e priis (f 40,-) - 24 des. 1890 yn Wolvegea
    2e priis (f 40,-) - 26 des. 1890 yn Berltsum
    1e priis (f 100,-) - 29 des. 1890 yn Dokkum
    1e priis (f 40,-) - 6 jan. 1891 yn Frjentsjer
    Mei neef Rinse Gerrits Wester
    1e priis (f 100,-) - jannewaris 1893 yn Ljouwert
    Mei Douwe van der Meer
    3e priis (f 15,-) - 31 jan. 1895 yn Aldtsjerk
    4e priis (f 10,-) - 4 febr. 1895 yn Ljouwert
    Mei Wybren Fokkema (Hurdegaryp)
    1e priis - 1897-98 yn Warten
    Mei Auke Spijkstra (Himpens)
    2e priis (f 30,-) - 9 jannewaris 1901 yn Ljouwert
    Mei Wierd Velstra (Aldtsjerk)
    1e priis (f 40,-) - 8 jannewaris 1894 in Grou
    1e priis (f 120,-) - jannewaris 1894 yn Dokkum
    1e priis (f 60,-) - 4 febrewaris 1895 yn Ljouwert
    1e priis (f 30,-) - 6 feb. 1895 yn Sleat
    1e priis (f 20,-) - 8 feb. 1895 yn Balk
    1e priis (f 100,-) - 15 feb. 1895 yn Grins
    1e priis (f 60,-) - 14 jan. 1897 yn Aldtsjerk
    1e priis (f 60,-) - 20 jan 1899 yn Aldtsjerk
    2e priis (f 50,-) - 16 des. 1899 yn Ljouwert
    2e priis (f 15,-) - 21 des. 1901 yn Wolvegea
    2e priis (f 20,-) - 10 jan. 1901 op De Jouwer
    1e priis (f 60,-) - 12 jan. 1901 yn Aldtsjerk
    1e priis (f 120,-) - 15 jan. 1901 yn Dokkum
    1e priis (f 60,-) - 17 jan. 1901 yn Aldtsjerk
    1e priis (f 100,-) - 18 feb. 1902 yn Ljouwert
    2e priis (f 20,-) - 8 des. 1902 yn Grou
    1e priis (f 80,-) - 9 des. 1902 yn Ljouwert
    2e priis (f ?,-) - 5 jan. 1904 op De Jouwer
    1e priis (f 80,-) - 24 jan. 1905 op It Hearrenfean
    Mei Gerrit Woude (Doezum)
    1e priis (f 60,-) - 15 jannewaris 1908 yn Swol
    3e priis (f 40,-) - 16 jannewaris 1908 yn Dokkum

Literatuer

  • J.H. Rijpkema, Hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren (1936);
  • D.M. van der Woude, Vrouwen in de hardrijdersbaan (Assen, 1948).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

187019 jannewaris191224 aprilEarnewâldEastermarHurdrydsterKoartebaanriden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1451Brad Pitt21SlowakijeShay FoxAlpenIsraelRGeneraliteit fan Kataloanje1982DrankbestridingWest-FryslânPRuslânSpaanske regio's21e iuwHielûnthâldingNeakenensVina Sky1983MormonismeCatharina Rebecca Woesthoven28 augustusOflûken (seksualiteit)16 maart2Prince YahshuaKanada1980YndianereservaatKlút9 oktoberRegio's fan FrankrykPresidintKragujevac1970-er jierrenCarles PuigdemontUbuntuHebriuwske kalinderMakauZheng HeMyl62OktaafElvis PresleyMicrosoft WindowsRhythm and bluesDeenskLjochtMadagascar (film út 2005)Lingua francaA Bridge Too Far (film)NeakenmodelThunderball (film)Gokken1931DrugKDJ Parisa1981THertz (ienheid)XAppelskeaBasilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (Swol)Juny🡆 More