Lea Halpern

Lea Henny Halpern (Mikuliczyn, 8 septimber 1899 - Salford (Greater Manchester), 6 novimber 1985) wie in byldzjend keunstner dy't aktyf wie as ûntwerper fan sieraden en keramist.

Hja wurke yn ûnder oare Berlyn en Amsterdam.

Lea Halpern
Lea Halpern keunstner
Lea Halpern oan't wurk
persoanlike bysûnderheden
berne 8 septimber 1899
berteplak Mikuliczyn (Oekraïne)
stoarn 6 novimber 1985
stjerplak Salford (Grut-Manchester)
wurkpaad
wurksum as Keramist, edelsmid, sieraadntwerper
offisjele webside
RKD-profyl

Halpern kaam út in orterdoks-joadske famylje en waard oplaat yn Wenen, Berlyn en oan de Kunstnijverheidsschool Quellinus te Amsterdam en de Rijks Keramische School Gouda (1926-1930). Sy wie learling fan ûnder oaren Bert Nienhuis en Kurt Zimmermann. Tusken ûngefear 1930 en 1940 hie hja in atelier yn Amsterdam dêr't hja aktyf wie as pottebakker en makker fan glazuere keramyske plastiken en ek brosjes. Fan 1936 oant 1938 joech Halpern les oan de Nieuwe Kunstschool te Amsterdam, ûnder oaren Meta Rozelaar wie in learling fan har. Ein 1939 ûntflechte hja de driging fan de nazy's en gie nei New York.

Sy wie troud mei Lincoln Newfield.

Bibliografy (karút)

  • Unger, M. (2004) Het Nederlandse sieraad in de 20ste eeuw. Bussum: THOTH. ISBN 9789068683486

Tags:

189919856 novimber8 septimberAmsterdamBerlynByldzjende keunstKeramistSalford (Grut-Manchester)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

E1 maartNobelpriis foar de Literatuer6 novimberSan FranciscoSúdhollânske EilannenFandalen1939Katedraal fan Nantes67N5 jannewarisMichelle SambaCamilla Parker BowlesPLibeariaMarketingEmily RatajkowskiWâldMasturbaasjeSwolCassandra WildeIerlânAnna fan Bretanje16 maartDragan Bakema75GGokkenEasternijtsjerkOktaafLaosBlanche BradburryPhilip, hartoch fan EdinburghNew York (steat)33Grutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Wim de BieHaskerlân1874Foarum foar Demokrasy1e iuw1865VMonargy18672014Swarte SeeSkriftZ1977Ingelân15146219288e iuwKMargareta Drummond, keninginne fan SkotlânJeropaQ1922Michelle Tucker31 jannewarisFerstjerrenIlse DeLange🡆 More