Kearkring

Kearkringen binne bysûndere parallellen op ierde.

Der binne twa, de Kreeftskearkring, op likernôch 23° 26′ 22″ noarderbreedte en de oare, de Stienbokskearkring, op likernôch 23° 26′ 22″ suderbreedte. De breedte is lyk oan de hellingshoeke fan de ierdas tsjin de baan fan de ierde om de sinne. Tusken de kearkringen yn leit de evener. It gebiet tusken de kearkringen wurdt wol de tropen neamd.

Kearkring
Fan noard nei súd:
De kreeftskearkring.
De evener.
De stienbokskearkring

Trochdat de ierdas in hoeke makket tsjin de baan om de sinne, berikt de sinne foar in waarnimmer net op eltse datum deselde maksimale hichte. Op of om 21 juny stiet de sinne leadrjocht boppe de Kreeftskearkring. Op it noardlik healrûn begjint dan de simmer, wylst op it súdlik healrûn dan de winter begjint. De sinne stiet op dat stuit yn it stjerrebyld Kreeft).

As op of om 21 desimber de sinne leadrjocht boppe de Stienbokskearkring stiet is de sitewaasje krekt oarsom. Op it noardlik healrûn begjint dan de winter, en op it súdlik healrûn begjint dan de simmer. De sinne stiet op dat stuit yn it stjerrebyld Stienbok.

Inkeld op of tusken de kearkringen kin de sinne middeis yn it senit (leadrjocht boppe hja) stean. Noardlik fan de kreeftskearkring stiet de sinne middeis altyd yn it suden. Súdlik fan de stienbokskearkring stiet dizze middeis altyd yn it noarden. Tusken de kearkringen yn kin de sinne sawol yn it noarden as it suden komme en stiet de sinne twa kear yn it jier yn it senit.

Oeral op de wrâld giet de sinne fan east nei west. Dit hat nammentlik neat te krijen mei de hellingshoeke fan de ierdas en de baan fan de ierde om de sinne, mar mei de draaiïng fan de ierde om har eigen as.

Tags:

EvenerIerdeKreeftskearkringNoarderbreedteParallel (geografy)SinneStienbokskearkringSuderbreedte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Grutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje 2014DeastrafBratislava22001577Britney SpringJuliaanske kalinderWikeLapdanceSome Like It Hot (film út 1959)San Jose (Kalifornje)Jehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)WikidataInkele Hoarn1878Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)Formule 1 yn 2017801400 f.Kr.Nasjonalisme19e iuw f.Kr.LilleDick Wilson (stammepresidint)3001 f.Kr.BarentsseeShae Summers3300 f.Kr.IngelskKalûgaGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2012MediaWiki1700FinlânNikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Frysktalige WikipedyFryske talenDûkers (fûgels)Jeropeeske Uny1201JeropaGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012Sasha BeartJoko Widodo2201Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 20141 junyMalawyWyt-RuslânLolita (pornografysk aktrise)Joaden2500 f.Kr.The SimpsonsGemme fan Burmania2501 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010Turkije50037e iuw f.Kr.Peterhôf (stêd)San FransiskoMasturbaasjeGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Thea BeckmanGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 201210e milenniumStromnessTransistorSaksen (dielsteat)Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2014🡆 More