Joe Leydon

Joe Leydon (folút: Joseph Patrick Michael Leydon; New Orleans, 22 augustus 1952) is in Amerikaansk sjoernalist en publisist, dy't bekendheid krigen hat as filmkritikus en filmhistoarikus.

Joe Leydon
Joe Leydon
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Patrick Michael Leydon
nasjonaliteit Joe Leydon Amerikaansk
berne 22 augustus 1952
berteplak New Orleans (Louisiana)
etnisiteit Joe Leydon Iersk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, filmhistoarikus,
publisist
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
Joe Leydon yn 'e IMDb

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Leydon waard yn 1952 berne yn New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Syn oplieding genoat er oan 'e roomske Loyola Universiteit New Orleans, dêr't er ôfstudearre mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk mei as byfak filmstúdzjes. Op lettere leeftyd learde er yn 2007 noch troch oan 'e Universiteit fan Houston om in mastergraad yn 'e skiene keunsten te heljen.

Karriêre

Leydon wie fan 1982 ôf filmkritikus foar de Houston Post. Hy bleau by dy krante yn 'e tsjinst oant dy yn 1995 opheft waard. Dêrnjonken wied er fan 1990 ôf filmkritikus en ferslachjouwer foar it tydskrift Variety, in funksje dy't er behold oant syn pinsjonearring. Behalven yn 'e boppeneamde beide publikaasjes ferskynden syn resinsjes ek yn û.m. The Houston Press en The San Francisco Examiner en op 'e websiden fan tillefyzjenetwurk MSNBC en de pleatslike tillefyzjestjoerder KPRC-TV yn Houston. Anno 2021 hie Rotten Tomatoes, in webside dy't filmresinsjes sammelet, 1.225 resinsjes fan Leydon gearfandele.

De artikels fan Leydon as sjoernalist en interviewer waarden fierders ek publisearre yn 'e New York Daily News, de Los Angeles Times, Newsday, The Tennessean, The Boston Globe, de Toronto Star, de Austin American-Statesman, Film Comment, MovieMaker, Houstonia en Cowboys & Indians Magazine. Hy publisearre it boek Joe Leydon's Guide to Essential Movies You Must See en droech by oan Leonard Maltin's Movie Guide. Leydon is ek in oprjochtsjend lid fan it Genoatskip fan Filmkritisy fan Houston (HFCS) en in stimberjochtige lid by de Critics' Choice Movie Awards.

Njonken syn sjoernalistike wurk wie Leydon fan 2001 oant en mei 2021 dosint film en kommunikaasje oan it Houston Community College en de Jack J. Valenti School of Communications fan 'e Universiteit fan Houston.

Priveelibben

Yn desimber 2011 makke Leydon fia syn bloch bekend dat der yn 2009 prostaatkanker by him fêststeld wie, mar dat er de behanneling trochstien hie en dat er no kankerfrij ferklearre wie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Joe Leydon Libben en karriêreJoe Leydon Keppelings om utensJoe Leydon195222 augustusFeriene SteatenFilmhistoarikusFilmkritikusNew OrleansPublisistSjoernalist

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

27 maartPraachTwitterMinnie BeetsIt Hearrenfean (gemeente)DimearSmithsonian Ynstitút2024KunnilingusDesmond TutuKoptysk-Otterdokse TsjerkeRôfdierenPeaskeAutoOmgong fan Itaalje 2017Olympyske Simmerspullen 2012NoardfryskLingua francaHarsensArwen GoldMohammedISSNFryslân (wengebiet)Michael (aartsingel)De Trije MusketiersIsambard Kingdom BrunelBenito Mussolini1941HelpThe Washington PostKiesrjochtSubway (restaurant)The Wall Street JournalDaisy SummersOflûken (seksualiteit)Elektra (toanielstik fan Euripides)Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000Impala (antilope)IranReligieuzeGuildford (stêd)ISBNRoemeenjeEdinburghTûlaDC++Jeremia (bibelboek)2010368StjerAnale seksBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016IngelAndré GideYndoneezjeAchtkarspelenStefan LöfvenFal fan Konstantinopel (1453)Ferlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008ArcheologyChartresNije TestamintFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)IstanbûlSlach oan de Little BighornFellatioRoplettersThe World Is Not Enough (film)1208The DoorsOrgasme🡆 More