Hippolytus Fan Rome

Hippolytus fan Rome (Aazje, ± 170 - Sardynje, ± 235) wie sûnt 217 de earste tsjinpaus (Under de namme Hippolytus) en de ienige tsjinpaus dy't as hillige fereard wurdt.

Hippolytus Fan Rome
De martlersdea fan Sint-Hippolytus

Biografy

Hippolytus wie sûnt 192 priester te Rome. Neffens Fotius I fan Konstantinopel wie er in learling fan Irenaeus. Hy wurdt yn it Westen as ien fan de wichtichste tsjerkeleararen fan syn tiid beskôge. Hy fersette him iepenlik tsjin de pausen fan syn tiid; op inoar folgjend wienen dat op Sefyrinus, Kalikstus I en Pontianus. Syn krityk gou benammen foar de hillige trije-ienheid. As Kalikstus yn 217 "seksuele sonden" bestraffe litte wol mei in boete lit Hippolytus him troch syn neifolgers ta tsjinpaus útroppe. Neffens him koe sa'n straf net omdat ûntucht in deasûnde wie. Dat protest wie de oanset ta it saneamde skisma fan Hippolytus.
Om it jier 235 hinne waard Hippolytus tegearre mei de nije paus Pontianus yn it ramt fan de kristenferfolging troch de Romeinske keizer Maksiminus Traks nei Sardynje ferband. De twa waarden dêr freonen en fermoedsoenen harren. Beide stoaren dêre, faaks troch de ûnminsklike tastannen yn de Sardynske minen.
Oaren wolle hawwe, dat Hippolytus legeroerste west hat ûnder keizer Fespasianus, dy't in fûl kristenferfolger wie. Doe't de keizer fernaam dat ek Hippolytus ta de 'sekte' hearde, liet er syn lichem troch wylde hynders ferskuorre. Al yn 236 waarden beide pausen as hillige martelders nei Rome oerbrocht en byset yn de katakombe fan Kalikstus.

Wurk

Hippolytus hat in soad skreaun. Hy skreau ûnder oaren kommintaren op it bibelboek Daniël en de Iepenbiering fan Jehannes, it dogmatyske wurk De Antichristo en bestried de gnostisy yn syn Syntagma. In grut part fan syn wurk is earst ein 19e iuw ûntdekt en allinne yn in Ald-Slavyske oersetting bekend.

Nammedei

Hippolytus syn nammedei is 13 augustus. Hy is de patroanhillige fan de Delft en fan de Eastenrykske stêden: Sankt Pölten en Zell am See.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Hippolytus Fan Rome BiografyHippolytus Fan Rome WurkHippolytus Fan Rome NammedeiHippolytus Fan Rome Keppeling om utensHippolytus Fan Rome170217235AazjeSardynje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

John LennonMidsiuwenWite TongersdeiStasjon BafloFryskHarmony WonderFrank SinatraBill GatesBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000COVID-191993Nicolette SheaParysBefolking1195De Trije MusketiersJack Nicholson1328Floarus- en Laurustsjerke (Tûla)RôfdierenCambridgeFinlânSúdwâlfulkaanFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Carles PuigdemontTsjustere matearjeAudulfSyria1990BostonMarilyn MonroeBristol (Ingelân)Japansk nasjonaal fuotbalalvetalRedbad Klijnstra-KomarnickiMuasem (Söl)TibeariusTeksasHitsumer HichteFrankenthalKomôfRed (filmsearje)HTMLBeirût1693Joyce OliveiraDirekteurSúd-KoreäMarlene DietrichMauretaanjeSaya SongFilosoofLegaatBelgjeRomeinen28 maartDaisy SummersSkiedkundigeWashington, D.C.PoznańMasturbaasjeOarlochFridtjof NansenGNU/FDLHaatmisdriuwSiddharta Gautama26 maartJobOsmaanske RykDaugavpilsTwadde iuw🡆 More