Hindrik Iv Fan Saksen

Hindrik IV fan Saksen, better bekend as Hindrik de Fromme (Dresden, 16 maart 1473 – Dresden, 18 augustus 1541) wie fan 1539 oant 1541 hartoch fan Saksen as opfolger fan syn broer Joaris mei it Burd.

As markgreve fan Meissen stied er bekend as Hindrik V. Hy bestjoerde as potestaat tusken 1500 en 1504 Fryslân.

Hindrik Iv Fan Saksen
Hindrik fan Saksen

Libben

Yn 1500 folge hy syn heit Albrecht de Kloekmoedige op as potestaat fan Fryslân. Hy keas derfoar om dit opstannige gebiet tegearre mei syn broer Joaris mei it Burd te bestjoeren, oan wa't hy syn rjochten oer Fryslân yn 1505 folslein ôfstie.

Hindrik wie troud mei Katarina fan Mecklenburch (1487-1561), dochter fan hartoch Magnus II fan Mecklenburch, en wie de heit fan:

  • Sybille (1515-1592), troud mei hartoch Frans I fan Saksen-Lauwenburch (1510-1581)
  • Emilia (1516-1591), troud mei markgreve George fan Brandenburg-Ansbach (1484-1543)
  • Sidonia (1518-1575), troud mei hartoch Erik II fan Brunswijk-Kalenberch (1528-1584)
  • Maurits (1521-1553)
  • August (1526-1586).

Yn 1539 folge hy Joaris op as hartoch fan Saksen. Yn tsjinstelling ta syn strang katolike broer hie hy him yn 1536 ta it luterske leauwen bekeard en hy fierde it protestantisme mei hurde hân yn as steatsgodstsjinst. Underdienen dy't harren net bekearen woene stjoerde hy fuort of sette hy finzen. Hy ferstoar op 18 augustus 1541 en waard opfolge troch syn soan Maurits (1521-1553).

Tags:

1473150015041539154116 maart18 augustusDresdenFryslânJoaris mei it BurdMarkgreveMeissenPotestaat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Frankfurt am MainSkiednis fan SinaHeather LeeShalina Devine672WalesNederlânsk-YnjeSpulLjouwert (stêd)Isambard Kingdom BrunelMeksikoRinsumageastAudulfJasmine AlohaPeléAndré GideKarl MarxNoardfryskEastseeNôtMekkaBeyoncé KnowlesJaylene RioEtiopysk-Otterdokse TsjerkeSonarTelevisa1990Twadde WrâldkriichLjouwerter KranteAshley OceanMichaïl GorbatsjovBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 20001852Pontius PilatusFamylje (besibskip)SalomoHarmony WonderJapansk nasjonaal fuotbalalvetalFazantJeremia (bibelboek)St. Petersburg (Floarida)Richard LanginThe Sons of Katie Elder (film)The DoorsCassidy BanksMoslimMoskeeElektrisiteitLondenJohann Jakob von TschudiRestaurantIerdeAldjiersdeiCarles PuigdemontNicolette SheaKubaSekshâldingJohan FerrierTomsk (oblast)Slach oan de Little BighornApostelNoardkaap2005FilosoofBelgjeSeksuele penetraasjeSensual JaneSubway (restaurant)RjochtsaakRoemeenjeFietnamoarlochKolorado🡆 More