Fort Uitermeer

It Fort by Uitermeer (ek Fort Uitermeer) is in earder Nederlânsk fort út de Stelling fan Amsterdam en út de Nije Hollânske Wetterliny.

It leit yn de Noard-Hollânske gemeente Weesp op in eilân yn de Vecht, ten súdeasten fan Weesp by it buorskip Uitermeer. Ten súdwesten leit it Fort by Hinderdam. Ten noardwesten leit de Festing Weesp.

Fort Uitermeer
Fort Uitermeer

It fort waard yn 1673 boud op it plak dêr't doe al fan 1589 ôf in skâns lei. It fort hie as doel it beskermjen fan de lântrochgong tusken de Naardermar en de Vecht. Ek koe it de buorforten mei syn geskut helpe. It beskerme de slûs wêrmei't it lân Ûnder wetter setten wurde koe.

Hjoeddeiske situaasje

Fort Uitermeer 
De âlde slûs binnen Fort Uitermeer. Op de eftergrûn de Vecht en Weesp

It fort hat al lang gjin militêre funksje mear. Fan it oarspronklike fort is net folle mear oer; de festinggrêft leit der noch en fan de gebouwen steane allinnich noch it toerfort en in kanon yn de remise. De toer dy't útsjocht oer de Vecht is restaurearre yn 2007. It wie lange tiid yn gebrûk as munysje-opslachplak en letter as wurkromte foar de provinsje Noard-Hollân. Op 22 april 2009 hat de provinsje it fort oerdroegen oan de Stichting Uiteraard Uitermeer dy't it terrein fierder ûntwikkelje sil . Der is in kuierrûte om it fort en troch resint graafwurk is de âlde slûs fan de 's-Gravelandsefeart, dy't yn 1878 bûten it fort brocht is, wer sichtber wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Fort by HinderdamStelling fan AmsterdamUitermeerUtertske VechtWeesp

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HonoluluLegaatGenetyske technologyKlinyske depresjeNoelle EastonJayemastateSinaWrâldkampioenskip fuotbal 2006IngelânSlach by Poitiers (732)MoslimOarlochKoperReykjavikDonald TrumpVladimir PûtinAIDSSkiedkundige81986OrléansVastoIt Hearrenfean (gemeente)Giorgio MorandiKigaliTasitus (skriuwer)NederlânKeizerJeremia (bibelboek)StillibbenEarrebarreNew OrleansHindoeïsmeKlean910Gysbert JapiksGladiatorWarsjaupakt1324Beyoncé KnowlesAutodykKaribyske SeeApostelLeeuwarder NieuwsbladSân deugdenJeropeeske UnyUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaThe SimpsonsRafael NadalKaliningrad (oblast)Michael (aartsingel)Standerttype GLSIsraelFamylje (besibskip)Ropletters1989FilipinenKiesrjochtWalesJelle DamKaraseeSwedenLudwigshafen1991Angelica Raven994Pinsjoen1968COVID-19Joachim HoppersJezuïtenBefolkingNoardkaapSekshâldingTelevisa🡆 More