Emerald City Comic Con

De Emerald City Comic Con (ôfkoarte ta ECCC, en foarhinne stavere as Emerald City Comicon) is in konvinsje op it mêd fan strips en fideospultsjes dy't elts jier oan 'e ein fan maart en/of it begjin fan april holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd Seattle, yn 'e steat Washington.

'Emerald City' ("Smaragden Stêd") is de bynamme fan Seattle, en 'Comic Con' is in ferkoarte foarm fan 'Comic Convention' ("Stripkonvinsje"). It evenemint bestiet sûnt 2003 en hat him ûntjûn ta ien fan 'e gruttere stripkonvinsjes fan Noard-Amearika. Yn 2019 kamen der 98.000 minsken op ôf.

Emerald City Comic Con
Emerald City Comic Con
plak en tiid
lân Emerald City Comic Con Feriene Steaten
steat Emerald City Comic Con Washington
county Emerald City Comic Con King County
plak Emerald City Comic Con Seattle
holden yn Washington State Convention
   and Trade Center
tiid fan it jier ein maart en/of begjin april
bysûnderheden
ôfkoarting ECCC
soarte evenemint stripkonvinsje
bestean 2003 – no
org. troch Reed Exhibitions
offisjele webside
www.emeraldcitycomiccon.com

De Emerald City Comic Con wurdt organisearre troch it bedriuw Reed Exhibitions, dat ek de organisator is fan û.m. it Chicago Comic & Entertainment Expo, de Florida Supercon en de New York Comic Con. De Emerald City Comic Con waard oarspronklik yn febrewaris holden, mar sûnt 2006 yn maart of april. De lokaasje wie de earste fiif jier it Qwest Field Events Center, foar't it fan 2008 ôf yn it Washington State Convention and Trade Center organisearre waard.

Yn 2011 waard it oant doe ta iendeiske evenemint útwreide nei trije dagen. Yn 2013 wie foar it earst it hiele konvinsjesintrum nedich om alle oanrin nei de Emerald City Comic Con te bergjen. Foar de edysje fan 2014 waard it fideospultsjesdiel fan 'e konvinsje oerbrocht nei de twadde ferdjipping fan it oanbuorjende Sheraton Seattle Hotel om't it Washington State Convention and Trade Center oars te lyts wie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

20032019Amerikaanske steatenAprilBynammeEvenemintFeriene SteatenFideospultsjeKonvinsje (gearkomste)MaartNoard-AmearikaSeattleStavereStripStêdWashington (steat)Ôfkoarte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

8Sensual JaneBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008AnargismeLuna SilverHaadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften19 augustusMafalda (pornografysk aktrise)Etiopysk-Otterdokse TsjerkeOekraïneAartsbisdom KeulenLondenTomsk (oblast)RjochtNederlânWrâldkampioenskip fuotbal 2014Keltyske talenPolly PonsRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904Stoke NewingtonBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980Meindert SchroorSan Lorenzo fuori le muraMichael (aartsingel)Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaNoard-KoreäKairoMarcelinho CariocaRomeinsk-Perzyske OarloggenMartelderJochen RindtSkiednis fan DútslânIbearysk SkiereilânLibbenEarrebarre1988BrazyljeKalkuttaDC++EuroTed HughesFlearmûzenBitcoinSwedenFamylje (besibskip)HongarijeDe Trije MusketiersFryslânArcheologyMichelle TuckerThe GuardianShalina DevineStanderttype GLSWyt-RuslânPornoaktriseJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Hitsumer Hichte2024FulkaanKlinyske depresjeAmerikaanske dollarMasturbaasjeHêgelânspoarCoward of the County (liet)HiphopCowgirlhâldingYndoneezjeHonoluluSwahily (taal)KonservatismeIzer🡆 More