Skip Út 1934 Dokter Wagemaker

De Dokter Wagemaker wie in skip fan TESO.

Texels Eigen Stoomboot Onderneming">TESO. Yn 1933 besleat TESO in nije fearboat te bouwen. Om't yn dat jier Adriaan Wagemaker, de oprjochter fan TESO, ferstoarn wie, waard besletten it skip nei him te ferneamen. It skip waard boud op de Wilton-Fijenoord skipswerf yn Skiedam. Yn 1934 kaam it stoomskip yn tsjinst.

Dokter Wagemaker
Skip Út 1934 Dokter Wagemaker
algemiene ynformaasje
flagge Skip Út 1934 Dokter Wagemaker Nederlân
thúshaven Teksel (1934-1963),
Skylge (1963-1972)
eigner TESO
oare namme(n) Schellingerland (1963-1972)
skiednis
werf Wilton Fijenoord, Skiedam
oplevere 1934
yn de feart 1934
út tsjinst 1972
status Sloopt (1975)
bysûnderheden en sifers
type Fear
subtype Stoomskip fanof 1952; Motorskip
lingte 47,6 m.
fanôf 1952; 52,6 m
breedte 8,3 m.
djipgong 3,2 m.
passazjiers 1000
oandriuwing Steammasjine
fanôf 1952; Werkspoordiesel 450 pk. TMAS 276430.

De Dokter Wagemaker wurdt op 5 septimber 1939 foardere troch de Nederlânske Marine, mar de fearboat fart ek geregeld noch foar TESO. Nei de Dútske ynfal leit de feartsjinst in pear dagen stil, mar dêrnei kin der wer fearn wurde. De Dokter Wagemaker rekket yn de Twadde Wrâldkriich meardere kearen skansearre. Mar it skip kin alle kearen wer oplape wurde.

Yn 1952 wurdt de Dokter Wagemaker op in werf yn Harns ferlinge en fan stoomskip omboud nei motorskip.

Nei 29 tsjinstjierren wurdt it skip ferkocht oan Rederij Doeksen dy't it skip omdoopt yn Schellingerland en der fan 1963 oant 1972, mei fan Harns nei Skylge fart. It is it twadde skip fan Doeksen dat ûnder de namme Schellingerland fart. Yn april 1974 wurdt de Schellingerland ferkocht. It skip einiget op de sloperij fan Stolk’s Handelsûndernimming yn Hendrik-Ido-Ambacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1933Koninklijke N.V. Texels Eigen Stoomboot OndernemingSkiedamStoomskip

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Turkske talenPornofilmIslamWytsingenPreeti en Priya YoungKatolisisme1990De TsjerneRome27 maaieBiology24 maaieAfrikaPriya Price2006Seksuële omgongWordleMikal (bibelsk persoan)BulgarijePresidintHomoseksualiteit26 aprilTheo HiddemaNederlânRae Lil BlackPearsJureka del MarBrazilian waxWâldfryskWite ibis29 aprilSúdwest-JeropaHeipealhâldingMarijn Kuipers6411604HaadsideRosa CaraccioloFjetnam1919Dylan RyderMaster fan Alle Ringen1067PsychologyKamûflaazjeHynder1100Prins Willem IV (skip út 1967)Gonny GaakeerDokumintFolk2002FlearmûzenSekshâldingJayden Lee31 maaieAb urbe conditaMadagaskarAntroposofyEastersk-katolisismeHappy ending1933Swimmen2017TurkijeRyksmuseum AmsterdamLiteratuerPenis22 septimberAmerikaanske steat🡆 More