De With (ek: Van Haersma de With) is in oarspronklik út Jutlân kommende famylje dêr't de leden fan sûnt 1841 ta de Nederlânske adel behearre.
Skiednis
De stamrige begjint met Poul Christensen dy't tusken 1648 en 1673 wurdt. Syn soan Niels Poulsen True waard nei 1700 keapman yn Aarhus en trije soannen fan him giene yn tsjinst fan de Vereenigde Oostindische Compagnie, festigen harren dêrnei yn de Nederlannen en namen de namme De With oan. In efterbernsbern fan de stamheit, ritmaster Jan Minnema de With (1762-1820) boaske yn 1794 oan Catharina van Haersma (1764-1828) wêrnei't it neiteam him Van Haersma de With neame soe. By Keninklik Beslút fan 26 july 1841 waard in soan fan de lêste, mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857), ferheft yn de Nederlânske adel en mochten syn neisieten it predikaat jonkhear/jonkfrou fiere.
In broer fan Daniël waard net adele en waard de stamheit fan de net-adellike takke dy't yn 1911 yn it Nederlânsk Patrysjaat opnommen waard en dêr't fannijs opname folge yn 1933. De patrysjaatstakke is yn 1997 útstoarn.
Yn 2014 libben der noch twa manlike (aadlike) telgen: de chef de famille en syn soan.
Leden fan de famylje bewennen ûnder oare Haersmastate yn Bûtenpost, Salentein yn Nijkerk en Huis de Poll, mar wenje no allinne noch yn bûtenpleats De Berencamp ûnder Nijkerk.
Telgen (ûnfolslein)
Jan Minnema de With (1762-1820), ritmaster, maire en skout fan Bûtenpost; boaske yn 1794 mei Catharina van Haersma (1764-1828)
Jhr. mr. Jan Hendrik van Haersma de With (1852-1900), kantonrjochter
Jkfr. Anna Magdalena van Haersma de With (1877-1952), hofdame fan keninginne Wilhelmina; troude yn 1908 mei jhr. mr. dr. Albert Gerard Schimmelpenninck (1868-1956), diplomaat, keamerhear en waarnimmend grutmaster fan keninginne Emma, eksekuteur fan har neilittenskip
Jhr. mr. Frederik Johan Constantijn Schimmelpenninck, hear fan Nijenbeek (1918-1991), universeel erfgenamt fan syn omke Jan Minnema van Haersma de With (1878-1965), en sadwaande fan de keunstsamling "De Poll"
Jhr. dr. Jan Minnema van Haersma de With, hear fan de beide Pollen en Nijenbeek (1878-1965), diplomaat, tekeninge- en printsamler (samling "De Poll")
Jhr. mr. Hendrik Maurits van Haersma de With, hear fan de Berencamp (1884-1945), ambassadeur, erfde fan syn omke Van Weede de Berencamp
Jhr. Willem Hendrik Maurits van Haersma de With, hear van de Berencamp (1920-2003), eksaminator Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen
Jhr. Hendrik Maurits Daniël van Haersma de With, hear fan de Berencamp (1951), rintmaster, bewenner fan De Berencamp, chef de famille
Jhr. Jan Minnema van Haersma de With (1985), fermoedlike opfolger as chef de famille
Jkfr. Inès Madeleine van Haersma de With (1921-2014); troude yn 1946 mei jhr. mr. Hendrik Lodewijk van der Wyck (1907-1986), ried Heech Militêr Gerjochtshof, direkteur fan de N.V. Vereeniging Klattensche Cultuur Mij., telch út it laach Van der Wyck; troude yn 1973 Don Livio Maria Giuseppe Gerolamo dei marchesi Theodoli, marchese di Sambuci (1908-1981), ambassadeur fan Italië yn Nederlân en lid fan de famylje Theodoli
Jkfr. Volkertina Adriana van Haersma de With (1857-1916); troude yn 1878 mei jhr. mr. Willem Marcus van Weede, hear fan de Berencamp (1848-1925), minister, liet de Berencamp nei oan syn neef
Jkfr. Anna Cornelia van Haersma de With (1864-1930); troude yn 1885 mei jhr. mr. Abraham Daniël Theodoor Gevers, hear fan Kethel en Spaland (1856-1896), boargemaster
Johanna Maria van Haersma de With (1823-1869); troude yn 1852 mei mr. Epeus Manger Cats (1822-1896), boargemaster
Mr. Jan Minnema van Haersma de With (1825-1904), jurist, lid gemeenteried en wethâlder fan Ljouwert
Anna Frederica van Haersma de With (1856-1922); troude yn 1871 mei Epeus Anne Reinoud Lichtenvoort Cats (1848-1897), boargemaster
Cornelis Martinus van Haersma de With (1858-1888)
Jan Minnema van Haersma de With (1883-1952), bankdirekteur
Johanna Catharina Aurelia van Haersma de With (1910-1997), lêste telch fan de patrysjaatstakke
Mr. Arent Cornelis Livius van Haersma de With (1915-1988), lêste manlike telch fan de patrysjaatstakke
Gerrit Nicolaas van Haersma de With (1863-1901), boargemaster
Maria de With (1803-1878); troude yn 1823 mei mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873), stamâlden fan de takke Van Haersma Buma fan it laach Buma
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Nederlânsk Patrysjaat 21 (1933), s. 467-475.
Nederlânsk Adelsboek 46 (1953), s. 394-401.
Nederlânsk Adelsboek 78 (1987), s. 336-338.
Nederlânsk Adelsboek 98 (2013-2014), s. 19-32.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article De With, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.