De David Gemmell Awards binne in trijetal mei-inoar ferbûne Britske literatuerprizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste fantasywurken fan 'e subsjenres fan 'e heroyske fantasy en de hege of epyske fantasy fan it foargeande jier.
Dizze prizen besteane sûnt 2008, en waarden foar it earst útrikt yn 2009. Se binne ferneamd nei de grutte Britske fantasyskriuwer David Gemmell (1948-2006), dy't mei 58 jier ferstoar oan in hertkrupsje. De winners wurde bepaald troch in frij tagonklike online-stimming.
David Gemmell Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
útrikt foar | heroyske en hege fantasy-literatuer | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 2008 | |
1e útrikking | 2009 | |
offisjele webside | ||
www.gemmellawards.com |
Der binne trije prizen, dy't ferneamd binne nei trije fan Gemmell syn populêrste boeken:
Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article David Gemmell Award, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.