Dantumawâld

Dantumawâld is in earder doarp yn de gemeente Dantumadiel.

Op 1 jannewaris 1971 waarden Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld gearfoege ta Damwâld. Dantumawâld wie it meast oastlike doarp fan de trije.

Yn 1369 stie Dantumawâld bekend as Dointhimwalda, yn 1421 wurdt it skreaun as Dontimwalda en yn 1505 as Dantumwald. "Dont" betsjut hege sânrêch, "wâlde" betsjut (sompe)gebiet. It doarp is dus boud op in sânrêch yn in earder sompegebiet. Dy sânrêch rint fan Driezum oer Dantumawâld nei Rinsumageast (Dokkumer Wâlden).

Dantumawâld waard ek wol koartwei Damwâld neamd, lykas ta útdrukking komt yn de nammen Damwâldster Trekwei en Dammeloane. Boppedat is Dantumawâld de nammejouwer fan de hjoeddeiske gemeente Dantumadiel.

Dantumawâld is boud om in tsjerke. De hjoeddeiske tsjerke is fan 1755. Dy is boud op itselde stee dêr't al earder in tsjerke stie dy't nei alle gedachten om 1200 hinne boud is.

Yn earder tiden stienen der ek ferskate aadlike states (stinzen), de Bonga- of Buingastate, de Doniastate, de Oenemastate en fermoedlik ek de Ewingastate. Dy staten binne lykwols yn de rin fan de tiid ferfallen en/of ôfbrutsen.

Berne yn Dantumawâld

Dantumawâld 
Dantumadiel
Dantumawâld 
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
wizigje

Tags:

1971DamwâldDantumadielIkkerwâldMoarrewâld

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Gysbert JapiksBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972Katedraal fan RouenSan Lorenzo fuori le muraEastenrykHTMLWite SeeGelsenkirchenFazantMegan SalinasTuberkuloazeReykjavikDeastrafKaribyske SeeJobArthur Conan DoyleMisjonarishâldingVina SkyCassidy BanksSiddharta GautamaMarlene Dietrich1995Eddy MerckxTsjechjeTeodoasius de GrutteHydraulic fracturingKristendomAndré GideJimmy WalesSwahily (taal)LatynBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 200027MiamiISSNBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004EkwadorEastblokSanta Maria MaggioreMoammar al-KadaffyAnton TsjechovMartelderFinlânEjakulaasjeEnsyklopedyBuenos Aires20 febrewarisSineeske karaktersGeoffrey BayldonFal fan Konstantinopel (1453)1328Sudertsjerke (Drachten)KoperGjûmriNapelsMoslimBrjansk (oblast)Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2000IslamWalesOseaanSozialdemokratische Partei DeutschlandsMohammedEuroBefolkingKursyfGrutte-boarstesjenreFilipinenFedaAstana (Kazachstan)1973🡆 More