Broekside

De broekside fan is flagge is dý side dêr't de flagge mei oan de mêst of line fêstsit.

At der in ûnderskie is, dan komt it haad fan de broeking boppeoan.

Broekside
Flagge fan Snits, mei swart oan de broekside.'

Foar de measte flaggen wurdt de flagge fêst ôfbylde mei de broekside rjochts. Foar de taskôger is de broekside dan lofts. Utsûnderings binne flaggen mei in Arabysk of Islaamsk komôf, dêr't it dan krekt oarsom is.

Broekside
Flagge fan Skylge, mei fiif kleuren

Foar guon flaggen makket it sa'n ûnderskie tusken broekside en flechtside net in soad út. Bygelyks, de flagge van Skylge is oan beide kanten gelyk: rea boppen en dan blau, giel, grien en wyt. Dat is net oars as men de flagge fan de flechtside besjocht. Dat betsjut net dat men sa'n flagge net ferkeard hise kinne: de flagge fan Snits is altiten kreas mei it swart oan de line. De flagge fan Skylge, mei in broekside mei mear kleuren, kin mei fersin mei rea ûnder hise wurde.

Bysûnder is de flagge rjochtop fan Fryslân. De flagge sa't de famylje De Zee fan Jirnsum, om 1895 hinne, de flagge (wer?) stal joech, wie in flagge rjochtop. Dêrom siet de broekside oan de boppekant. Doe't Heerke Wenning der letter in flagge rjochtút fan makke. moast er lykwols it ûntwerp oanpasse, om't oars de pompeblêden nei ûnder seagen; dat no moast it haad oan de oare kant komme. Dat is wêrom in Fryske flagge rjochtop en in Fryske flagge rjochtút net deselde broekside hawwe.

Sloch ek

Tags:

Flagge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BernardahûsKirkland (Washington)SalomoTsjechoslowakijeJoeri AndropovHear (titel)Wrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000SwitserlânFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Noard-KoreäThe GuardianSlach oan de Little BighornDambitzstateA.S. Byatt1693KairoDútsk1941Rachel (bibelsk persoan)AchtkarspelenJoachim Hoppers1816GjûmriLegaatLibbenZaya CassidyGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijJoko WidodoSanta Ana (Kalifornje)SinaRome (stêd)FryskFrânskAugustus OktavianusTritichjierrige OarlochEkwadorTyrannosaurus396 f.Kr.Jeremia (bibelboek)Omgong fan Itaalje 2017FjetnamSean LawlessBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 20001986New OrleansTeodoasius de GrutteRae Lil BlackMarilyn MonroeNoemiVladimir PûtinBitHindoeïsmeMcDonald'sYouTubePornografyEtiopysk-Otterdokse TsjerkeRepublikeinske Partij (Feriene Steaten)Nadia MoeradHaadtsjerke fan de Russyske StriidkrêftenJeropaRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976RuslânMoammar al-KadaffySelebesVasto1810IerskPorto RikoReligieuzeRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964TaiwanMuasem (Söl)Tennis op de Olympyske SimmerspullenKubaStoke Newington🡆 More