Bell Uh-1 Iroquois

UH-1 Iroquois
Huey

Rol Multyfunksjonele militêre helikopter
Makker Bell Helicopter
Earste flecht 20 oktober 1956 (XH-40)
Yn tsjinst 1959
Ut tsjinst Beheind militêr gebrûk
Tal makke >16.000 (1956–1987)
Grutste brûkers United States Army, Japan Ground Self-Defense Force, Australian Army
Farianten Bell UH-1N Twin Huey, Bell 204/205, Bell 212

De Bell UH-1 Iroquois is in mearsidige militêre helikopter mei de bynamme "Huey" – in ferbastere ôfkoarting fan Helicopter Utility – en dy't bekend waard fan de Fjetnamoarloch. It tastel is wrâldwiid brûkt by militêre operaasjes en tal fan oare doelen.

Bell Uh-1 Iroquois
UH-1D's yn Fjetnam, 1966

Yn de rin fan jierren waarden twa ferzjes fan it tastel útbrocht; de 1 motorige modellen 204 en 205 en de 2 motorige modellen 212 en 412. Boppedat wiene der tsientallen farianten op de ferzje mei ien motor.

De Huey waard by de US Army ferfongen troch de UH-60 Black Hawk. It Amerikaanske Korps Mariniers (USMC) fleach der noch in tal jierren mei oant ek dêr de UH-60 oanskaft waard.

Fan 2004 ôf wurdt de Huey net mear brûkt troch de Amerikaanske striidkrêften. De nije UH-1Y 'Venom' tsjinnet fan 2008 ôf oan by it USMC.

Yn guon lannen wurdt it tastel noch militêr brûkt, mar hat hjoed-de-dei dochs meast sivile taken.

Ek yn Nederlân hat de Huey flein; fan 1962-1977 fleach de UH-1B by de Marine Loftfearttsjinst by de squadrons 1 en 7. Fan 1994 ôf binne trije yn Italië yn lisinsje makke Agusta Bell AB412SP’s (Huey II) yn gebrûk by de Keninklike Loftmacht foar it útfieren fan search and rescue-taken (SAR) fanôf de fleanbasis Ljouwert. Dy helikopters hawwe oars in rotor mei fjouwer blêden.

De Dútske lânmacht (Heeresflieger) fljocht noch mei de UH-1D en de loftmacht (Luftwaffe) brûkt him foar SAR-taken.


Spesifikaasjes

Gegevens HU-1A Iroquois (Modell 204) UH-1H (205A-1)
Oandriuwing ien Lycoming T53-L1 (522 kW/700) ien Avco Lycoming T53-L-13 (1.044 kW)
Topfaasje ? 220 km/o (om de 120 knp)
Krúsfaasje 177 km/o 165 km/o (90 knp)
Fleanberik sa'n 338 km sa'n 507 km
Tankynhâld ? 833 liter (666 kg)
Tsjinstplafond ? 4.145 m
Sweeffleanhichte boppe de 4.267 m (mei grûneffekt) ?
Gewicht leech ? 2.140 kg
Maks gewicht by start 2.631 kg 4.310 kg
Piloaten 1–2 1–2
Passazjiers 6 maks 12
Romplingte 12,07 m 12,77 m
Lingte totaal ? 17,41 m
Rotorlingte 13,41 m 14,63 m

Technyske gegevens HU-1A Iroquois (Model 204) út Flight Magazin, 1960.

Bewapening

De Huey-typen koene standert bewapene wurde mei:

  • 2 M60D (letter M240D) 7,62mm masinegewear of
  • 2 GAU16A 0,50 kaliber masinegewear of
  • 2 GAU17A 7,622mm masinegewear

Dizze wapens koene troch de bemanning yn alle rjochtingen betsjinne wurde. De GAU17A koe troch de piloat betsjinne wurde, mar allinne nei foaren sjittend.

  • 2 konteners mei 7 of maksimaal 19 2,75 inch Hydra 70 raketten
  • 1 M129 40mm granaatsmiter mei 20 granaten
  • 1 M5 fluchfjoerkanon mei 300 fragmintaasjepatroanen
  • 2 M134 7,62mm rapid fire Miniguns mei 2x 4800 patroanen
  • 2 M22 raketsystemen mei 2x3 AGM22 trije late loft-grûn raketten


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016Gregoriaanske kalinderVanessa SkyTrekker trekKazan (stêd)List fan sterke tiidwurden yn it FryskNick LangAnke BijlsmaSosjaalliberalismeAllegoryEva JinekMegan SalinasJokbonkeVanda VitusShalina DevineKanadaOseaanWendy WhoppersIerdeTweintichste iuwPornografyske filmOrale seksNoardseeDaisy SummersNeakenensMagnetyske noardpoal15 aprilMonosacharideSasha BeartSavana GingerNeptunus (planeet)Marilyn CrystalKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)Anne fan Grut-BrittanjePeaskeMoriah Mills25 aprilSlûsFryslân yn de MidsiuwenPlegadis chihiLatynsk-AmearikaFeriene SteatenSjongerWytmaskeribisRôfdieren1 maaie22 maaieAtlantyske OseaanGrut Frysk DikteeGeorge I fan Grut-BrittanjeRôze leppelbekNoardfryskReality KingsBugel1991Ryksmuseum AmsterdamTwitterBoeing C-17 Globemaster IIIBlondie (pornografysk aktrise)Jureka del MarFryslânSúdlike wetterrôtTemperatuer1564Heather LeeCherokee (pornografysk aktrise)EastfryskMyteVeronica BrazilOarehelteSkiednis fan Fryslân🡆 More