Amal El-Mohtar (Ottawa, 13 desimber 1984) is in Kanadeesk skriuwster, dichteresse, essayiste, literatuerkritika, blôchster en harpiste.
Hja wûn trije kear de Rhysling Award mei har poëzij, en yn 2015 waard har foar har koarte ferhaal The Truth About Owls in Locus Award takend.
Amal El-Mohtar | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amal El-Mohtar | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 13 desimber 1984 | |
berteplak | Ottawa (Kanada) | |
etnisiteit | Libaneesk-Arabysk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF en fantasy, poëzij, essay's, resinsjes | |
bekendste wurk(en) | The Truth About Owls The Green Book | |
útjouwer | Papaveria Press Cheeky Frawg | |
prizen | 3x Rhysling Award Locus Award 2015 | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
amalelmohtar.com |
El-Mohtar waard yn 1984 berne yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa. Har âldelju binne etnysk Arabyske ymmigranten út Libanon wei. Hja sette yn 2005 útein mei in karriêre as skriuwster fan koarte fiksje fan 'e sjenres science fiction en fantasy. Dêrnjonken skriuwt se ek poëzij en essay's, en hâldt se ferskate blôchs by. Har koarte ferhalen publisearret El-Mohtar yn in ferskaat oan tydskriften en blomlêzings. Yn 2011 brocht hja har earste dichtbondel út, mei as titel The Honey Month.
Mei har poëzij wûn El-Mohtar al trije kear, yn 2009, 2011 en 2014, de Rhysling Award foar bêste koarte gedicht. Yn 2010 waard har koarte ferhaal The Green Book nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar bêste koarte ferhaal. In oar ferhaal fan harres, The Truth About Owls, wûn yn 2015 de Locus Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Yn 2019 wûnen El-Mohtar en Max Gladstone de Hugo Award en de Nebula Award foar bêste novelle foar harren wurk This Is How You Lose the Time War.
El-Mohtar is fierders ek aktyf as literatuerkritika, en is sûnt 2006 as redaktrise belutsen by it fearnsjierblêd Goblin Fruit. Teffens wie hja yn 2010 redaktrise by in edysje fan it blêd Mythic Delirium.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2009 | Rhysling Award | wûn | bêste koarte gedicht | Song for an Ancient City |
2010 | Nebula Award | nominearre | bêste koarte ferhaal | The Green Book |
2011 | Rhysling Award | wûn | bêste koarte gedicht | Peach-Creamed Honey |
2014 | Rhysling Award | wûn | bêste koarte gedicht | Turning the Leaves |
2015 | Locus Award | wûn | bêste koarte ferhaal | The Truth About Owls |
2020 | Hugo Award | wûn (mei Max Gladstone) | bêste novelle | This Is How You Lose the Time War |
Nebula Award | wûn (mei Max Gladstone) | bêste novelle | This Is How You Lose the Time War |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Amal El-Mohtar, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.