Stúdzjeferiening Skanomodu

Skanomodu is de eardere stúdzjeferiening dy't ferbûn wie oan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer (ek wol it Frysk Ynstitút) oan de Ryksuniversiteit Grins.

De stúdzjeferiening waard stifte op 1 juny 2007 en opheft op 1 jannewaris 2015. Sûnt it akademysk jier 2013-2014 waard de stúdzje Frysk fuortset as de bacheloroplieding "Minorities and Multilingualism". Foar dy oplieding is der in nije stúdzjeferiening: Multi.

Stúdzjeferiening Skanomodu
It logo fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu

De stúdzjeferiening hold sa no en dan gearkomsten en organisearre útstapkes foar de leden. De feriening joech oant 2015 fjouwer kear jiers it ferieningsblêd Skanoskrift út.

Namme

De namme fan de stúdzjeferiening komt fan de Skanomodu-munt. In Fryske munt dy't yn Ingelân fûn is.

Skanomodu is Aldfrysk foar skjinne moed.

Opheffing

Yn de lêste jierren fan syn bestean krige de feriening hieltyd minder leden en naam de belangstelling foar de aktiviteiten ôf. Dêrom besleat it lêste bestjoer om de feriening op te heffen. Dêr foar yn 't plak kaam in nije stifting: Stifting Skanomodu. Dy stifting jout in nij Y-skrift (ynternettydskrift) út, mei deselde namme: Skanomodu. Dat Y-skrift gie maart 2015 online en is in nij poadium foar de Fryske kultuer. It rjochet him yn it bysûnder op de jongere generaasjes Friezen.

Tags:

1 jannewaris1 juny20072015Ryksuniversiteit GrinsStúdzje Fryske Taal en Kultuer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mitogondriaal DNAIranLingua francaCassidy BanksMegyn KellyChartresAnimismeBrjansk (oblast)ReykjavikSinaOpnamen (film)Polly PonsBesnijenisNoemiMarlene DietrichGiorgio MorandiRome (stêd)Nij-SeelânNorwichOekraïneBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1980Valéry Giscard d'EstaingSmithsonian YnstitútMekkaSarah YoungPeaskeBaltimoreTyrannosaurusSportpark De BoskFridtjof Nansen1993NoardfryskGR-PadenAugustus OktavianusIbearysk SkiereilânSudertsjerke (Drachten)FinlânRomeinenFrânskCityJetBrusselThe Allman Brothers BandMarkant (Jistrum)Persia MonirÛntslachJapanSubway (restaurant)Redbad Klijnstra-KomarnickiVina SkyHarmony WonderBreednoasapenJehannes Paulus IIHimelfearttsjerke (Josjkar-Ola)DambitzstateKunnilingusEddy MerckxGeslachtsmienskipBûsboekjeAndré GideNederlânsk-YnjeCowgirlhâldingBrezjnev-doktrineOflûken (seksualiteit)Ghostbusters (film út 2016)GotlânThe Sons of Katie Elder (film)Groninger Locaalspoorweg-MaatschappijKonfederearre Steaten fan AmearikaGenetyske technologyRoomsk-Katolike Tsjerke🡆 More