De London Bridge is in ferneamde brêge yn London oer de Teems, fan City of London nei Southwark.
De brêge leit tusken de Cannon Street Railway Bridge en Tower Bridge. Oan de súdein fan de brêge lei de Katedraal fan Southwark, en oan de noardein it monumint foar de Grutte brân fan Londen, mei it stasjon fan de ûndergrûnske dat dêr nei neamd is. De hjoeddeiske brêge is novimber 1973 ynwijd.
De Britske A3 rint oer de brêge.
Mûglik hat der al yn de Romeinske tiid in brêge west op dit stee yn Londinium. De ferneamde London Bridge is lykwols de twadde foargonger fan de hjoeddeiske, boud fan 1176 oant 1209 as ferfanging fan in houten brêge. Dy earste stiennen brêge wie net allinnich ferneamd om't it lang de iennichste ferbining yn Londen oer de Teems wie, mar ek om't der yn de Midsiuwen huzen en winkels op de brêge boud wienen. Dy waarden earst om 1760 hinne ôfbrutsen, om mear romte oan it ferkear te jaan.
Dy Alde Londen Bridge waard yn 1838 ferfongen troch de Nije London Bridge, in ûntwerp fan John Rennie. Dy brêge hat skraachwurk twa iuwen stien, mar waard yn 1972 ferfongen troch de hjoeddeiske brêge. De ôfbrutsen Nije Londen Bridge is oerbrocht nei de Feriene Steaten, en is op 'e nij opboud by de Havasu-mar, as in part fan in ferdivedaasjepark yn in Ingelske styl.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article London Bridge, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.