Leslie Bibb

Leslie Louise Bibb (Bismarck (Noard Dakota), 17 novimber 1974) is in Amerikaansk aktrise en earder model (Elite Model).

Sy krige yn 2001 in Young Hollywood Award, in priis foar in nije frouljusferskining.

Leslie Bibb
Leslie Bibb yn 2009
Leslie Bibb
Leslie Bibb yn 2009

Bibb har debút wie yn 1996 mei lytse gastroltjes yn de telefyzjerigen Pacific Blue en Home Improvement. In jier letter hie hja in lytse rol yn in film, Private Parts. Itselde jier folge in rol yn de film Touch Me en in fêste oanstelling by de dramasearje The Big Easy, as Janine Rebbenack.

Bibbs spile sûnt har debút yn goed tsien bioskoopfilms en wie ek te sjen yn telefyzjerigen sa as ER en Crossing Jordan. Se hie gastroltjes foar ien kear yn ûnder oaren Just Shoot Me! (1997), Early Edition (1998), Nip/Tuck (2004), CSI: Miami en Entourage (beide 2007).

Bibb troude novimber 2003 mei Rob Born, mar hja gienen nei noch gjin jier al wer út elkoar.

Filmografy

*Utsein telefyzjefilms

  • Zookeeper (2011)
  • Miss Nobody (2010)
  • Iron Man 2 (2010)
  • Law Abiding Citizen (2009)
  • Confessions of a Shopaholic (2009)
  • Trick 'r Treat (2008)
  • The Midnight Meat Train (2008)
  • Iron Man (2008)
  • Sex and Death 101 (2007)
  • My Wife Is Retarded (2007)
  • Talladega Nights: The Ballad of Ricky Bobby (2006) .... Carley Bobby
  • Wristcutters: A Love Story (2006)
  • See Spot Run (2001)
  • The Young Unknowns (2000)
  • The Skulls (2000)
  • This Space Between Us (1999)
  • Touch Me (1997)
  • Private Parts (1997)

Telefyzjerigen

*Utsein gastrollen foar ien kear

  • Kings - Minister foar ynformaasje Katrina Ghent (2009)
  • Crossing Jordan - Detective Tallulah 'Lu' Simmons (2002-2007)
  • Line of Fire - Paige Van Doren (2003-2004)
  • ER - Erin Harkins (2002-2003)
  • Popular - Brooke McQueen (1999-2001)
  • The Big Easy - Janine Rebbenack (1997)

Tags:

17 novimber1974Bismarck (Noard-Dakota)Noard Dakota

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KanadaFeriene SteatenCassidy BanksmarketingAnny VeenstraNeakenmodelVöllenSúdlike wetterrôt22 maaieFamylje (taksonomy)RôfdierenFellatioOlst-WijheSavana GingerSkrikkeljierEva JinekGalaktyske RepublykKleurLondenPeriapsisStasjon Breda-PrinsenbeekWurdFryskStasjon VriezenveenLayton BentonNoardseeFilipinenCherokee (pornografysk aktrise)RaffarinadeVideo Art HollandSaratovFryske BernekrantePornoaktriseVanda VitusFryslânNicole Oring86Tweintichste iuwNijverdalKommunismeKatee OwenStimInez WeskiHylpenKromme KnillisKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)George I fan Grut-BrittanjeKommunistysk ManifestRae Lil BlackWetterPieter BreukerAbby Lee BrazilElektromagnetismeList fan Fryske famkesnammenAkkrumBiskopOseaanErnst HaeckelDead LordYiming CuriosityKalûgaRoekNederdútskPriya PriceList fan Nederlânske gemeenten1975Leppeltsje-leppeltsjeKeizerspjocht31 oktoberStasjon Dimter Colmschate🡆 More