It Frysk Lieteboek is in bondel mei 73 Fryske lieten, samle troch J.
van Loon en mei M. de Boer yn twa- trije- en fjouwerstimmige setting mei pianobegelieding troch M. de Boer.
Skiednis
Yn 1876 ferskynde de foarste printinge fan it "It Lieteboek", dat yn de lettere drukken fan 1899, 1914 en 1930 "Frysk Lieteboek" kaam te hiten. De twadde printinge waard besoarge troch Tsjalling Eeltsjes Halbertsma en Wynsen Scheltes Faber fermeardere mei inkele lieten fan D.A.G. Draper, mei 104 lieten, troch lêstneamde twa mei J. Paardekoper (1930).
It "Nij Frysk Lieteboek" kaam foar it earst út yn 1886, werprintingen ferskynden yn 1905, 1916 en 1922.
Doe't tsjin 1940 oan al dizze útjeften útferkocht rekken, joech it bestjoer fan de Fryske Akademy oan syn Musikologysk Wurkferbân opdracht, in nij en modern lieteboek gear te stallen. Dat boek ferskynde yn 1948 ûnder de namme "Lieteboek". It is al jierren útferkocht. Doe't de útjouwer Osinga fan Boalsert him yn 1977 ree ferklearre de útjefte fan in twadde printinge op syn noed te nimmen, frege it Akademy-bestjoer op 'en nij oan de Musikologyske Wurkgroep, dit wurk ta te rieden. De wurkgroep seach al gau dat it mei in revyzje fan it Lieteboek 1948 net ta koe, dêrfoar wie der tefolle krityk op dy útjefte ynkommen, benammen wat de begeliedings en de kar fan de lieten oangie.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Frysk Lieteboek, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.