Eoalysk

It Eoalysk wie it dialekt fan it Aldgryksk dat tusken likernôch 800 en 300 f.Kr.

sprutsen waard yn Eoalje (in krite oan 'e noardlike westkust fan Lyts-Aazje), op it eilân Lesbos, yn 'e eastlike Egeyske See, en yn 'e Grykske lânstreken Boeoasje (it gebiet yn sintraal Grikelân om Tebe hinne) en Tessaalje (yn noardlik Grikelân).

Eoalysk
algemien
taalgebiet Eoalje, Lesbos, Boeoasje
en Tessaalje
skrift Gryksk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Helleensk
    ● Aldgryksk
      ● Sintraal Aldgryksk
        ● Eoalysk
skaaimerken
tiidrek 800 – 300 f.Kr.
Eoalysk
De fersprieding fan 'e Aldgrykske dialekten: it Eoalysk is werjûn yn giel.

It wie ien fan 'e beide foarmen fan it Sintraal Aldgryksk, yn 'e mande mei it Arkado-Syprioatysk, dat sprutsen waard yn 'e lânstreek Arkaadje (yn it binnenlân fan 'e Peloponnesos) en op Syprus. It Eoalysk ûnderskate him û.o. fan it Arkado-Syprioatysk en fan 'e oare Grykske dialekten troch it behâld fan in grut tal argaïsmen, âlde taalfoarmen dy't út 'e oare dialekten al weiwurden wiene. Oan 'e oare kant hie it Eoalysk ek in protte eigen ynnovaasjes, dy't likemin yn 'e oare dialekten foarkamen.

It Eoalysk is wiid ferneamd as de taal fan 'e lyryske dichteresse Sapfo fan Lesbos, dy't yn 'e sânde iuw f.Kr. libbe. Doe't letter fanôf de sechsde iuw f.Kr. troch de opkomst fan 'e stêdsteat Atene as politike grutmacht it dêr sprutsen Attyske dialekt ta standertskriuwtaal waard, rekken it Eoalysk en syn literatuer lykwols stadichoan yn it neigean. Yn Plato syn Protagoras wurdt de Eoalysktalige skriuwer Pittakus fan Mytilene omskreaun as "in barbaar", om't er "de wurden net goed faninoar ûnderskiede kin". It Eoalysk út dy tiid wie foar in kontemporêne Attysksprekker al hast net nei te kommen, en nei 300 f.Kr. stoar it stadichoan út.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AldgrykskDialektEgeyske SeeEilânGrikelânLesbosLyts-AazjeLânstreek

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Roeien op de Olympyske Simmerspullen 2000Roeien op de Olympyske Simmerspullen 1976Daisy SummersBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000BostonEvolúsjeCOVID-1937Tritichjierrige OarlochKoöperaasjeMan (sekse)Yvette BovaDesmond TutuLeonid BrezjnevRafael NadalIzerRinsumageastDeastrafFedaBeverly HillsPeaskeJobFridtjof NansenVastoPaulo WanchopeMohammedNederlânsk-YnjeWrâldkampioenskip fuotbal 1994Wikipedy1990YouTubeRomeinske sifersVoronezj (oblast)CIAMarkant (Jistrum)New OrleansKaliningrad (oblast)1951KnivskjelloddenTuberkuloazeWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000NôtNicolette SheaWrâldkampioenskip fuotbal 2006MediaWikiOpnamen (film)May ThaiPornoaktriseNoardatlantyske Ferdrachsorganisaasje1707Jochen RindtWrâldkampioenskip fuotbal 1986Alderheljenkatedraal (Tûla)Súdeast-AazjeKeltyske talenFlaanderenGysbert JapiksHelpGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijHeipealhâldingKosta RikaVina SkyOrgasmeFerlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)KapitalismeEva JinekFlearmûzenWetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020🡆 More