Duology

In duology, in gearstalling fan it Latynske duo- (twa) en it Grykske -λογία, -logia (ferhanneling of betooch), is in rige fan twa wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as twa losse mar nau besibbe wurken.

Duologyen komme benammen foar yn 'e literatuer, as twadielige romansearjes, en soms op it mêd fan 'e film. Yn 'e skilderkeunst sprekt men yn 'e regel net fan in duology, mar fan in twalûk. Analooch oan in duology wurdt in searje fan trije wurken in trilogy neamd, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan fiif wurken in pentalogy, ien fan seis wurken in heksalogy en ien fan sân wurken in heptalogy.

Yn 'e literatuer komme duologyen gauris ta stân om't in wurk te lang is om yn ien bân út te jaan. foarbylden fan duologyen út 'e literatuer binne The Sarantine Mosaic fan Guy Gavriel Kay, besteande út 'e boeken Sailing to Sarantium en Lord of Emperors, de saneamde Grykske duology fan David Gemmell, besteande út Lion of Macedon en Dark Prince, de Cyteen-duology fan C.J. Cherryh, besteande út 'e romans Cyteen en Regenesis, en de Santa Olivia-duology fan Jacqueline Carey, besteande út Santa Olivia en Saints Astray.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Tags:

FilmGrykskHeksalogyHeptalogyLatynLiteratuerPentalogyRomansearjeSkiene keunstenSkilderkeunstTetralogyTrilogy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PinsjoenJoeri AndropovJohan FerrierKaraseeRomeinske sifersFerlossertsjerke yn it doarp Oebory (Moskou Oblast)KunnilingusKoreaanske OarlochGroninger Locaalspoorweg-MaatschappijMasturbaasjeVastoBestjoerWrâldkampioenskip fuotbal 1962Wrâldkampioenskip fuotbal 1994BûsboekjeRafael NadalRichard LanginKanonike evangeeljesHamletKatedraal fan RouenPenisMarkant (Jistrum)HilligeTeudebert IITsjustere matearjeÛntslachEva JinekBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004Abû Dabi34Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920Michaïl GorbatsjovSotsjyFlearmûzenWrâldkampioenskip fuotbal 197026 maartKarl MarxIzerSulawesyIsraelKeizerJeremia (bibelboek)EastblokPoznańJezuïten1435Mitogondriaal DNASúdeast-AazjeRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1988Michael (aartsingel)LouisianaTsjoenderijAartsbisdom KeulenMediaWikiCoward of the County (liet)Santa Ana (Kalifornje)Alexa FlexyHeipealhâldingReligieuzeFrankfurt am MainTibeariusLatynSportpark De BoskSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 2000Wrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000196827 maart994GroepseksBelgjeMauretaanjeSimon & SchusterIerskFacebook🡆 More