Babbeljen is yn 'e taalkunde de oantsjutting foar it fuortbringen fan lûden dy't skaaimerkend binne foar de perioade yn 'e ûntwikkeling fan tige jonge bern dy't direkt foarôfgiet oan it eigenmeitsjen fan taal, ornaris yn 'e twadde helte fan it earste libbensjier.
Hjirby giet it gauris om werhelle wurdlidpatroanen fan it 'bababa'-type, dêr't de term 'babbeljen' nei ferwiist. Sokke babbelpatroanen binne net willekeurich, mar komme fuort út eigenskippen fan it linguïstyske fermidden dêr't it bern yn opgroeit (en sille dus fan taalmienskip ta taalmienskip ferskille).
Ut it babbeljen fan bern kinne har wurden ûntjaan dy't yn wiere taal opnommen wurde. De bekendste foarbylden fan sokke babbelwurden binne papa en mama, dy't yn in protte Westjeropeeske talen yn ynformele kontekst yn it plak fan 'e wiere wurden foar 'heit' en 'mem' brûkt wurde. It Frysk is yn dit ramt atypysk, mei't dy beide wurden der net yn foarkomme, al soene de dialektyske foarmen tae (Aastersk) en ta (Skylgersk), beide mei de betsjutting "heit", mooglik ôfsliten foarmen wêze kinne fan tata, krekt sa't it Ingelske dad en da fan dada komme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Babbeljen (taalkunde), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.