Ángelwetterfal

De Ángelwetterfal (Spaansk: Salto Ángel, soms oantsjutten mei de ynlânske namme Kerepakupai merú) is de heechste frijfallende wetterfal fan de wrâld mei in hichte fan 979 meter.

De wetterfal is neamd nei de "ûntdekker", Jimmie Angel.

Ángelwetterfal
Ángelwetterfal

Hy leit oan in sydrivier sûnder namme fan de Caroní yn it Nasjonaal park Canaima yn Fenezuëla. Dêr binne heechlizzende rotsplato's (tepui's), mei in bysûndere floara en fauna. De protte rein dy't yn de omkriten falt, siket syn paad nei de rânen fan de plato's troch ûnderierdske grotten.

Hoewol't earder yn de 20e iuw al sjoen troch ferkenner Ernesto de Santa Cruz waard it pas bekend yn de westerse wrâld nei de offisjele ûntdekking troch de Amerikaanske fleander Angel dy't mei syn fleantúch op 'e siik wie nei goud. Angel wie yn 1899 berne yn Springfield, Missoury.

De hichte fan de wetterfal waard yn 1949 fêststeld troch in ekspedysje fan de National Geographic Society. Ruth Robinson skreau dêroer it artikel Jungle Journey to the World's Highest Waterfall

Yn it boek Angels Four beskriuwt David Mott de earste súksesfolle beklimming fan Auyan-tepui ('Duvelsberch') nei de top fan de wetterfal. De wetterfal is Fenezuela's meast ferneamde toeristyske attraksje.

Sjoch ek

  • List fan wetterfallen

Keppeling om utens

Tags:

SpaanskWetterfal

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

8e milenniumDútslân1806FuotbalSarah YoungJoyce OliveiraKalifornjeBefolkingDûnsRapunzelWikidata2024Feriene KeninkrykYndoneezje1500 f.Kr.2601 f.Kr.Rachel Weisz17861672Lapdance7 febrewarisBretanjeKearnramp fan TsjernobylJohan DerksenFryskGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2014Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Bo Sinn3300 f.Kr.3901 f.Kr.2401Súdsineeske SeeHanns EislerJustin BieberRosa CaraccioloKonstantyn de GrutteGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016Ferdrach fan FerdunKya TropicGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019JiertiidSandy MilzGNU/FDL1969Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2015Gysbert Japiks1 junyHindoekalinderSan Jose (Kalifornje)Dimter (gemeente)IngelânGokken14e iuw f.Kr.60135e iuw f.Kr.HêgelânspoarDakota-Oarloch fan 1862ParaguayOpper-MichiganSaksen (dielsteat)17002800 f.Kr.Sander WarmerdamSARS-CoV-21301SkiedkundigeAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)Heather LeeMaria Curie-SkłodowskaMichael Jordan🡆 More