De Âlde Friezen

Tekst: Eeltsje Halbertsma

De Âlde Friezen
De Friese vlahhe
Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede, En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde, It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen, Oerâlde, leave Fryske grûn, Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen, Dy't Friezen oan har lân ferbûn. Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 
Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare Syn namme en taal, syn frije sin; Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare, En twang, fan wa ek, stie it tsjin. Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 
Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wês jimmer op dy âlders grut! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme In grien, in krêftich bloeiend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn! 

Tags:

🔥 Trending searches on Wiki Zeêuws:

SmerdiekAraobieren20 juliGalileo GalileiRiek (biologie)8 septemberGeluud21 decemberUrsula von der Leyen11 novemberPlant'n1 jannewari1877SteltloôperachtegenFilepijn’nBurgersLorigesZweeds13 november2004Nederlandse Caraïben1972Theodor Herzl4 november18591632Glennis GraceWalchren1978200627 meie19012 decemberIestiedPeilingen Twidde Kaemer1973RoôfveugelsLondenBéréziatVésinesCultuurBevindelijk grifformeerdenHosternokkeDua LipaDuutslandWikipediaAbraham LincolnThailandLos AngelesFrank-Walter SteinmeierGoogleBilly GrahamEuropaRenswoudeNoôrd-BevelandSvalbard Global Seed VaultHebreêuws3 auhustusVladimir PoetinEhypte12 maerteIndonesië5 decemberIsaac NewtonFriedrich Nietzsche1928MiddelburgZuud-BevelandTennessee2008Femielje (biologie)Vereênigd KonienkriekEuropeêse Unie🡆 More