31 jannewaris - Yn it ûnder tafersjoch fan it regear fan 'e Feriene Steaten publisearre rapportSmoking and Health wurdt foar it earst in ferbân lein tusken smoken en longkanker.
27 maart - By in ierdbeving yn Alaska, ek bekend as de Goedfreedierdbeving, komme 133 minsken om. It is de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is.
2 augustus - By it Ynsidint yn de Golf fan Tonkin wurdt (nei it sizzen fan 'e Amerikanen) in Amerikaanskmarineskip yn 'e Golf fan Tonkin, foar de kust fan Noard-Fjetnam, oanfallen troch de Noardfjetnamezen. (Yn 2005 soe út frijjûne dokuminten fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst NSA bliken dwaan dat de oanfal troch de Amerikanen optocht wie as ferlechje om aktive dielname fan Amerikaanske troepen oan 'e Fjetnamoarloch te rjochtfeardigjen.)
7 augustus - It Amerikaanske Kongres nimt de Golf-fan-Tonkinresolúsje oan, wêrmei't as antwurd op ít Ynsidint yn de Golf fan Tonkin frij baan jûn wurdt oan 'e ynset fan Amerikaanske gefjochtstroepen yn 'e Fjetnamoarloch.
27 septimber - It rapport fan 'e Kommisje-Warren oer de moard op John F. Kennedy wurdt publisearre. Neffens de kommisje wurke de (ek fermoarde) Lee Harvey Oswald folslein allinnich.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1964 fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 1964, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.