Pineholle

Pineholle is pine yn en om de holle; it is yn fierwei de measte gefallen net slim.

Pineholle    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

De oarsaken fan pineholle moatte socht wurdde yn de spieren en bannen om de plasse en nekke hinne, de bloedfetten, de harsensfluezen en de harsensdruk. It brein sels is gefoelleas.

Pineholle
Frou mei migrêne
Pineholle
Slimme pineholle

Oarsaken

De measte pineholle is spanningspineholle. Migrêne en pineholle troch medisyngebrûk komme op it twadde en tredde plak. Der kin mear as ien oarsaak tagelyk wêze. Psychososjale oarsaken kinne ek in rol spylje.

Pinehollesyndromen

  • Spanningspineholle: ûntstiet troch te grutte gefoelichheid fan de plakken dêr't de sinen oan de nekbonken en plasse fêstsitte. De pasjint fielt dat as siet der in bân strak om de holle. Sokke pineholle kin oeren duorje.
  • Migrêne (of skeane pineholle): komt yn oanfallen fan slimme klopjende pine oan (meast) ien kant fan de holle, faak mei mislikens, spuien en oergefoeligens foar ljocht en lûd. De oanfal kin in part fan de dei duorje, mar ek wol oant trije dagen. Faak binne der ferskynsels as flikkeringen of swarte plakken foar de eagen of tintelingen foardat de pineholle komt.
  • Medisynôfhinklike pineholle: is groanysk en duorret faak mear as trije dagen yn de wike. Oarsaken binne pinestillers (û.o. tsjin pineholle), middels tsjin migrêne, kofje, alkohol (kater) en sûkelarje.
  • Klusterpineholle: is in tige slimme pine om de eachkas hinne. De oanfallen duorje fan in kertier oant trije oeren en kinne in tal wiken út en troch foarkomme. De pasjint kin net stil lizze of sitte.

Pineholle as symptoom

  • Untstekking fan de noasbyholten
  • Koarts
  • Drukferheging yn de plasse, kin as oarsaak hawwe in blieding yn it brein of in de harsensfluezen, harsensoedeem, bygelyks nei in trauma of tumor, hydrosefaly (wetterholle).
  • Oandwaning fan de harsensfluezen; ûntstekking (meningitis), blieding (Subdurale blieding of arachnoïdale blieding).
  • By tige hege bloeddruk.

Behanneling

  • Troch in pineholledeiboek by te hâlden, kin de pasjint soms útfine wat de faktoaren binne dy't in oanfal útlokje en sa besykje om dy foar tekommen.
  • By middelenôfhinklike pineholle moat mei it fertochte middel stoppe wurde.
  • Paracetamol en/of in NSAID kin as pinestiller brûkt wurde, mar foar in koart skoft tiid. Giet it net oer sil der fierder ûndersyk dien wurde moatte.
  • By migrêne moat ûnderskied makke wurde tusken it ôfbrekken fan in oanfal (pinestiller mei spuimiddel; at dat net helpt in triptaan, bygelyks sumatriptan) en it foarkommen fan in oanfal (bêtablokker of hormoanen (yn gefal fan menstruaasje-ôfhinklike migrêne) of natriumvalproaat)
  • Klusterpineholle wurdt behannele mei triptanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Pineholle OarsakenPineholle BehannelingPineholleBloedfetBreinNekkePlasse

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FalomGoogleSalma HayekCowgirlhâldingWebsideSkoanfamylje5 jannewarisKneppelfreedEl NiñoAngelica RavenSierra BanxxxIerdbevingRob FordMinnie Beets194618 febrewaris2022Saûdy-AraabjeSpienBiskopFloaridaWittenskiplike namme1952RôfdierenGazastripeSneonAmerikaanske LoftmachtJeraazjeYvette Bova1954ParysArûbaSpaanske gryp2018800PakistanFellatioList fan Nederlânske gemeentenDedemsvaartHearlikheid FryslânTon BaasWurkhûsMaart2006Weenske oesterTekenteltsjeYouTubeSarajevo2008Geslachtsmienskip1975Pornografyske filmRoomsk-Katolike TsjerkeStrawelteFryslânDniproIngelskSophia LorenLatynSinne-enerzjyJean-Louis TrintignantBernemisbrûkJade KushHeechlearaarPornoakteur1970🡆 More