Tifinagh

It Tifinagh (Berberske útspraak: ; ek as Tifinaɣ skreaun yn it Berbersk-Latynsk alfabet; Nij-Tifinagh: ⵜⵉⴼⵉⵏⴰⵖ; Tûarek-Tifinagh: ⵜⴼⵉⵏⵗ or ⵜⴼⵏⵗ) is in konsonanteskrift om yn de Berbertalen te skriuwen.

Tifinagh
It Tifinagh-skrift

In moderne foarm fan it tradisjoneel skrift, it Nij-Tifinagh waard yn de tweintichste iuw yntrodusearre. It Ircam-Tifinagh is in foarm fan it skrift dat justjes oanpast is en wurdt yn de legere skoallen yn Marokko brûkt om de Berberske taal te learen.

It wurd tifinagh is nei alle gedachten in berberisearre froulike meartalsfoarm fan it wurd "Punysk". It Berberske froulike foarheaksel ti oan it Latynske punicus koe mooglik de "Fenisyske/Punyske letters" betsjutte.

Oarsprong

Tifinagh 
In Libysk-Berberske ynskripsje op in rots yn Zagora, Marokko

Der wurdt fanút gien dat it Tifinag-skrift fan it Libysk skrift, of ek wol it Libysk-Berbersk skrift neamd, út de âldheid ôfstammet, alhoewol't der net folle oer de ûntwikkeling dêrfan bekend is. Dat skrift waard yn de âldheid troch Berbersktaligen yn Noard-Afrika en de Kanaryske Eilannen brûkt. It komôf fan it skrift is net bekend, mar der wurdt fanút gien dat it besibbe oan it Fenisysk alfabet wie.

Der binne twa farianten fan it Libysk skrift bekend: in eastliken en in westliken ien. De eastlike fariant waard brûkt yn it gebiet fan it hjoeddeistige Konstantine en de regio Aurès yn Algerije. Fan de twa farianten is de eastlike dy't it bêst ûntsifere waard, om't der ferskate Numidyske twatalige ynskripsjes yn it Libysk en Punysk fûn waarden. 22 fan de 24 letters waarden ûntsifere. De westlike fariant wie mear primityf en waard brûkt by de kust fan de Middellânske See del fan Kabylje oant de Kanaryske Eilannen. Dy fariant brûkte 13 oanfoljende letters.

It Libysk skrift wie in kleare konsonanteskrift en hie gjin fokalen. Geminaasje waard net oantsjutten. It waard almeast fan ûnderen nei boppe en fan rjochts nei lofts skreaun, mar it waard ek wol op oare manieren skreaun. De letters feroaren fan foarm at se fertikaal of at se horizontaal skreaun waarden.

Tûarek-Tifinagh

Tifinagh 
Yngong yn it plak Kidal yn Maly. It stiet skreaun yn it Tifinagh (ⴾⴸ// Kdl) en yn it Latyn

It Libysk skrift wurdt hjoed-de-dei brûkt yn de foarm fan Tifinagh om yn de Tûarektalen, dy't in takke fan de Berbertalen binne, te skreauwen. 1500 jier âlde ynskripsjes dêrfan binne fûn op rotsen en yn grêftomben.

It Tûarek-Tifinagh wurdt hjoed-de-dei benammen brûkt yn spultsjes, puzels, graffiti en koarte berjochten. It skrift wurdt bytiden ek wol brûkt yn talen fan oanswettende folken.

Nij-Tifinagh

Tifinagh 
Trijetalige paadwizers; Arabysk, Berbersk en Frânsk

It Nij-Tifinagh is in skrift dat ûntwikkele waard fan eardere foarmen fan it Tifinagh. Dat skrift is fan lofts nei rjochts skreaun. Oant koartlyn waarden der mar amper boeken en websiden yn it skrift skreaun, om't der earder foar it Latynsk alfabet, en, mar wol minder, it Arabysk skrift keazen waard. It Nij-Tifinagh waard ornaris foar symboalyske doelen brûkt. Fan 2003 ôf wurdt der yn Marokko mear yn it skrift publisearre en wurdt it ek op guon skoallen ûnderrjochte. Dochs de measte Berberske publikaasjes brûke lywols it Berbersk-Latynsk alfabet. Bûten Marokko hat it skrift gjin offisjele status. Yn Algerije brûke almeast alle Berberske publikaasjes it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Lybje ferbea it bewâld fan diktator Moammar al-Kadaffi it brûken fan it skrift. Nei de Libyske Boargerkriich like de Nasjonale Oergongsried mear iepen te stean foar it brûken fan it skrift.

Letters

It Tifinagh waard in maart 2005 oan de Unikoade taheake.

Koade Letter Unikoade Transliteraasje Namme
2D30 Tifinagh  a ya
2D31 Tifinagh  b yab
2D32 Tifinagh  bh yabh
2D33 Tifinagh  g yag
2D34 Tifinagh  gh yaghh
2D35 Tifinagh  dj yaj
2D36 Tifinagh  dj yaj
2D37 Tifinagh  d yad
2D38 Tifinagh  d. yadh
2D39 Tifinagh  d. yadd
2D3A Tifinagh  d. yaddh
2D3B Tifinagh  e yey
2D3C Tifinagh  f yaf
2D3D Tifinagh  k yak
2D3E Tifinagh  k Tûarek yak
2D3F Tifinagh  ⴿ kh yakhh
2D40 Tifinagh  h yah
2D41 Tifinagh  h yah
2D42 Tifinagh  h Tûarek yah
2D43 Tifinagh  h. yahh
2D44 Tifinagh  a yaa
2D45 Tifinagh  kh yakh
2D46 Tifinagh  kh Tûarek yakh
2D47 Tifinagh  q yaq
2D48 Tifinagh  q Tûarek yaq
2D49 Tifinagh  i yi
2D4A Tifinagh  j yazh
2D4B Tifinagh  j Ahaggar yazh
2D4C Tifinagh  j Tûarek yazh
2D4D Tifinagh  l yal
2D4E Tifinagh  m yam
2D4F Tifinagh  n yan
2D50 Tifinagh  ny Tûarek yagn
2D51 Tifinagh  ng Tûarek yang
2D52 Tifinagh  p yap
2D53 Tifinagh  u yu
2D54 Tifinagh  r yar
2D55 Tifinagh  r. yarr
2D56 Tifinagh  gh yagh
2D57 Tifinagh  gh Tûarek yagh
2D58 Tifinagh  gh Ayer yagh
2D59 Tifinagh  s yas
2D5A Tifinagh  s. yass
2D5B Tifinagh  sh yash
2D5C Tifinagh  t yat
2D5D Tifinagh  t. yath
2D5E Tifinagh  ch yach
2D5F Tifinagh  t. yatt
2D60 Tifinagh  v yav
2D61 Tifinagh  w yaw
2D62 Tifinagh  y yay
2D63 Tifinagh  z yaz
2D64 Tifinagh  z Tawellemet yaz
2D65 Tifinagh  z. yazz
2D6F Tifinagh  +w Labialisaasje-teken

2D5C 2D59 Tifinagh Tifinagh  ⵜⵙ ts yats
2D37 2D63 Tifinagh Tifinagh  ⴷⵣ dz yadz
2D5C 2D5B Tifinagh Tifinagh  ⵜⵙ ch yach
2D37 2D4A Tifinagh Tifinagh  ⴷⵊ dj yadzh

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Tifinagh OarsprongTifinagh Tûarek-Tifinagh Nij-Tifinagh LettersTifinaghBerberskBerbersk-Latynsk alfabetBerbertalenKonsonanteskrift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Omgong fan Itaalje 1987Durk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)FegetarismeRiviermûningIngelskTiidsônes yn de Feriene SteatenSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976Polo op de Olympyske Simmerspullen 1900NederlânNoard-FryslânDaisy SummersMoriah MillsEjakulaasjeLeppeltsje-leppeltsjeBehaJoaris mei it BurdTreron aromaticusVáclav HavelSneinYves BaillatGreveslot DiezJ. MacKeatsenCowgirlhâldingJoop den UylList fan hûnerassenAlblasserdamFriezenMuorrekrûperWalter BenjaminIuwskemaBommesmiterLowbudgetfilmfeehâlderijMos EisleySoarteGraldaKleanShae SummersPoerdersrampHaadsideIranSkyy BlackKoji SasakiJayden LeeGrafhorst (Nederlân)PromoasjeBiologyBoerûndyPornhubCarl Friedrich GaussLily CollinsSrylankaanske pappegaaidoLâningte1967🡆 More