Laos is in lân yn Súdeast-Aazje.
| |||||
Offisjele taal | Laotjaansk | ||||
Haadstêd | Fientiane | ||||
Steatsfoarm | Folksrepublyk | ||||
Gebiet % wetter | 236.800 km² 2,0% | ||||
Ynwenners (2013) | 6.695.166 (28,3 km²) | ||||
Munt | Kip (LAK) | ||||
Tiidsône | UTC +7 | ||||
Nasjonale feestdei | 19 july | ||||
Lânkoade | LAO | ||||
Ynternet | .la | ||||
Tillefoan | 856 |
De haadstêd is Fientiane. De presidint fan de republyk wie fan 1998 oant yn 2006 Khamtai Siphandon. Hy waard opfolge troch Choummaly Sayasone.
Yn it Laotjaansk (as Lao) hjit Laos Meuang Lao (ເມືອງລາວ) of Pathet Lao wat letterlik "Lân fan de Lao" betsjut. Frankryk, dat de trije ferskillende Laotjaanske keninkriken yn 1893 ferienige ta Frânsk-Yndosina, stavere it mei in stomme "s" oan de ein, dy't de mearfâldigens fan de keninkriken oantsjutte. Meidat it Laotjaansk gjin "s" as einletter hat, wurdt Laos sûnder "s" útsprutsen troch de Laotjanen zelf.
Laos wurdt begrinzge troch:
Yn it noarden wurdt Laos omjûn troch it Traminplato (2820 meter) en yn it suden troch it 2000 meter hege Bolovenplato. Om-ende-by 40% fan it lân bestiet út bosk mei ticht leafbosk opgeand yn reinwâlden.
Laos hat oer in tropysk moessonklimaat. It lân is it territoarium fan de Yndosineeske tijger, de giant gaur, en de Aziatyske oaljefant. In grut tal dieren binne de lêste jierren yn Laos ûntdekt, û.o. it streke Annamite knyn, de saola en noch mar krekt lyn de Laoske rotsrôt of kha-nyou.
Yn de 14e iuw waard mei de stifting fan it earste Laosjaanske keninkryk it boedisme ynfierd. Nei de besetting troch de Tais waard Laos op de ein fan de 19e iuw in Frânsk protektoraat en yn 1954 ûnôfhinklik. Under de Fjetnamoarloch oermasterden kommunistyske revolusjonêre troepen grutte parten fan it lân. Yn 1974 kamen sy yn de regearing. By de stifting fan de folksrepublyk yn 1975 waard de lêste kening ôfsetten.
De grutste befolkingkloft fan it lân binne mei 69% de etnyske Lao en foarmje de politike en kulturele dominante groepearring. Troch migraasje fanút it suden fan Sina arrivearre dat folk yn it earste millenium nei Kristus. Om-ende-by 8% hearre by in oare "leechlân" kloft, de Lao Loum. Berchfolken en kulturele minderheden lykas de Hmong (Miao), Jao (Mien), Dao, Sjan, en ferskate Tibeto-Birmaansk sprekkende folken wenje yn isolearre regio's fan it lân.
De oerhearskjende godstsjinst fan it lân is it Teravada boedisme. Under de berchfolken wurdt ek de mienskiplike Natoerreligy beöefene. Fierders binne der ek lytske kloften Kristenen, benammen yn de omkrite fan Fientiane, en Moslims yn de Mayamar grinsregio.
De offisjele en dominante taal is Lao, in tonale taal fan de Tai taalkloft dêr't it skrift fan basearre is op it Khmer skrift. Troch de berchfolken wurdt in ferskaat fan tribale talen sprutsen.
De Frânske taal wurdt noch in protte brûkt yn it bestjoer en de hannel. De Ingelske taal wurdt de lêste jierren lykwols hieltyd wichtiger.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Laos, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.