Senegal

Senegal (Frânsk: Sénégal, Wolof: Senegaal) is in lân yn West-Afrika.

République du Sénégal
Réewum Senegaal (Wolof)
Flagge fan Senegal Wapen fan Senegal
Flagge Wapen
Lokaasje fan Senegal
Offisjele taal Frânsk,Wolof
Haadstêd Dakar
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
196,723 km²
2.1­%
Ynwenners (2005) 11,658,000
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 4 april
Lânkoade SNG
Ynternet .sn
Tillefoan 221

De haadstêd is Dakar.

Geografy

Lizzing

Senegal wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Senegal beskikt oer in oantal ferskate fegetaasjesônes. It noardlike part fan Senegal leit yn de Sahel, wylst it suden út tropysk reinwâld bestiet mei oan de kust sompen. Dêr tuskenyn lizze gebieten mei savanne.

De wichtigste rivieren binne de Senegal dy't de noardgrins foarmet mei Mauritaanje en de Gambia dy't yn it súdeasten streamt. Yn Senegal leit Gambia, it smelle lân dat in ûnôfhinklike enklave is en folslein omheind wurdt troch Senegal. De heechste berch is 581 meter heech.

klimaat

Nei it noarden ta wurdt it lân hieltyd skrokker. It reinseizoen is tusken juny en oktober. Trochstrings is de temperatuer om-ende-by 24° C. Fierder lânynwerts is it sawat 27° C.

Skiednis

Doe't nei it tiidrek fan de grutte ûntdekkings yn Afrika yn de 17e oant 19e iuw alderlei Jeropeeske delsettingen ûntstienen, rekke Senegal ûnder Frânsk koloniaal bestjoer. Yn 1958 waard in selsstannich lid fan de "Communauté Francaise" en yn 1960 folslein ûnôfhinklik. Yn 1966 waard Senegal in ienpartijsteat, dêr't pas yn 1975 opposysjepartijen talitten wienen.

Demografy

Talen

Yn Senegaal wurdt in grut oantal talen sprutsen. De offisjele taal is it Frânsk. Oare talen binne it Wolof, Pulaar (Fulfulde), Jola, Mandinka, Serer, Bambara, Sarakolé, enz.

Befolking

Yb Senegal wennet in ferskaat oan folken. De grutste befolkingsgroep binne de Wolof mei 44%. Oare grutte groepen binne de Sérères 15%, Tukulör 11%, Diola 5% en Mandingo 4%,

Religy

De grutste godstjinst is de islam dêr't 91% fan de befolking by heart. De kristenen binne mei goed 5% de twadde religeuske groep fan it folk. De tredde groep wurdt foarme troch Natoerreligys.

Tags:

Senegal GeografySenegal SkiednisSenegal DemografySenegalAfrikaDakar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

J.A. Bruins jr.Cocktail (film út 1988)Tiidsônes yn de Feriene SteatenGrutte BrekkenAtoomInes RiderePornoakteurAugust StrindbergAngela PostmaList fan Frysktalige tydskriftenMediaWikiBeand Baas en Smarige SkepKampenSoarteMichel PenséeEala Frya FresenaYndiaaske pappegaaido20 aprilSineeske baltsjesAlexa FlexyGenemuidenhoannebiterijSleepautoUtert (stêd)IuwskemaPornografyEjakulaasjePeaske-eilânReedriden op de Olympyske Winterspullen 1994SinaCJ MilesNoardfryskPanhandle fan TeksasJeropaKlaarkampster MarSkyy BlackSeptember ReignMasturbaasjeMick JaggerSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976Sarah YoungSeksuele penetraasjeOmgong fan FrankrykToby AlderweireldLyts-Fryslân (Ommelannen)YnternetHessel van der WalSimon MarisWikipedy19 maaieMuorrekrûper189917 junyFriedrich NietzscheComité flamand de FranceCircuito de JerezGrafhorst (Nederlân)Pake en beppeDe Westereen🡆 More