Benyn

Benyn is in lân yn Afrika.

République du Benin
Flagge fan Benyn Wapen fan Benyn
Flagge Wapen
Lokaasje fan Benyn
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Porto-Novo
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
112.620 km²
1,8­%
Ynwenners (2009) 8.791.832
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 augustus
Lânkoade BEN
Ynternet .bj
Tillefoan 229

Oant 1975 wie it lân bekend ûnder de namme Dahomey. Benyn waard op 1 augustus 1960 selsstannich fan Frankryk.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Benyn 
Benyns lânskip yn it departemint Atakora.

It lânskip fan Benyn bestiet oan de kust fan de Golf fan Guinee út in fochtich-hite sompeflakte efter de lagunes. Nei it noarden rint it lân stadich omheech en giet oer yn in heechflakte mei in foar de lânbou fruchtbere boaiem. Yn it westen daalt it lân stadich ôf nei it Niger-bekken.

Troch it lân streame ferskate rivieren ûnder oare de Kouffou en de Mono, de Zou dy't troch de stêd Porto-Novo streamt, de Okpara dy in part fan de grins mei Nigeria foarmt en de Niger dy't de grins mei de republyk Niger foarmet.

Skiednis

Under de namme Dahomey ûntstie yn it begjin fan de 17e iuw in keninkryk. Dat keninkryk wie oant de twadde helte fan de 19e iuw ien fan de wichtichste sintra fan de slavehannel. Yn 1894 waard it in Frânske koloanje dat yn 1899 by Frânsk West-Afrika foege waard.

Yn 1960 waard Dahomey ûnôfhinklik fan Frankryk. Dêrnei folge ferskate militêre steatsgrepen. Yn 1970 waard, om de nasjonale ienheid te bewarjen, in trijehaaddich presidintskip ynsteld, dat lykwols al yn 1972 wer omfier wurpen waard troch majoar M. Kerekou. Dizze proklameare yn 1975 Dahomey ta in folksrepublyk ûnder de namme Benin.

Ein jierren '80 naam Kerekou ôfstân fan de marksistyske ideology en besliste dat der op 'e nij in demokrasy ta stân komme moast. Hy ferlear yn 1991 de presidintsferkyzings en stapte frijwillich op.

Demografy

Befolking

It grutste part fan de befolking wennet op de súdlike kustflakten dêr't ek de grutste stêden lizze.

Yn Benin libje wol fjirtich ferskillende etnyske kloften wêrfan 49% ta it Fon folk heart en foarmje de grutste kloft. Oare etnyske kloften binne û.o. de Adja, de Yoruba, de Ottamary (of Somba) en de Bariba.

Taal

Meast fan dizze kloften hawwe in eigen taal. De offisjele taal fan it lân is lykwols Frânsk dat fral yn de grutte stêden praat wurdt. Njonken it Frânsk is it Fon en it Yoruba de meast sprutsen talen.

Religy

It kristendom is mei 42,8% de grutste religy yn Benin wêrfan de measten katolyk binne, 24,4 % fan de befolking is moslim. It lân is sûnt de oprjochting lid fan Organisaasje fan de Islamityske Konferinsje (OIK). Yn it suden fan it lân wenje in protte dy't voodoo oanhingje (17,3 % fan de befolking).

De lokale brûkmen en tradysjes binne faak mei it kristendom of de islam ferweven. De python wurdt er as in hillich dier beskôge, dêr't in soad timpels oan wijd binne. It oanreitsje fan de slang soe gelok bring. De bekendste pythontimpel stiet yn Ouidah, ter eare fan de slangegod Dangbé.

Tags:

Benyn GeografyBenyn SkiednisBenyn DemografyBenyn1 augustus19601975AfrikaFrankryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KunnilingusHolokaustRia Rodrigez1000FenloHichtefreesImerkes (fûgel)Amerikaanske dollarNeakenfotografyTwadde iuwTony BeetsSûmearje28 febrewaris27Aldfrysk18 novimber1 julyLocustellidaeDollarVictoria CakesSlowaakskList fan planetoïden 5001-6000Moriah MillsKrusiging fan Jezus24 maartUnderwiisKeninkryk SkotlânEgypteArtefakt (archeology)CalgaryArwen GoldAshley OceanNoard-Ierlân36AsteroïdeMay ThaiList fan planetoïden 6001-700014 septimberReidimerkeTeems14e iuwRae Lil BlackKommunistysk ManifestLetlânAddis AbebaBoazumVina SkyFryslânDOKGeslacht (sekse)Wim KanEva KareraList fan planetoïden 46001-47000KalkulatorAmarins GevekeAC/DCPersia MonirFedde SchurerSanta Ana (Kalifornje)6 febrewarisDaasje1969Tasitus (skriuwer)WiskundeMinnistenWikiLeaksSlot🡆 More