Conakry (Frânsk: Conakry; Sûsû: Kɔnakiri; N’ko: ߞߐߣߊߞߙߌ߫, Fûla: Konaakiri) is de haadstêd fan Guinee.
De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan.
Conakry | ||
Polityk | ||
Lân | Guinee | |
Regio | Regio Konakry | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.660.973 (2014) | |
Befolkingsticht. | 3700 km² | |
Hichte | 1 m | |
Oar | ||
Stifting | 1887 | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | CEST (UTC+1) |
Conakry is de grutste stêd en it bestjoerlik en ekonomysk sintrum fan it lân. De ekonomy draait foar in grut part om de haven, dêr't fral aluminium en bananen mei it skip ferfierd wurde. Der is in beskieden ferwurkjende yndustry dy't rjochte is op fiedings- en genietmiddelen en op tekstyl.
Conakry ûntwikkele him op it eilân Tumbo oan de ein fan it skiereilân Kaloum, dêr't fia in lâningte mei ferbûn is. Offisjeel waard it plak stifte troch de Ingelsen dy't it letter oan Frankryk yn 1887 ôfstiene. It waard haadstêd fan Frânsk Guinee yn 1904, en bloeide as eksporthaven, fral neidat de spoarwei nei Kankan iepene waard. De spoarwei is wyls opheft.
It oansjen waard binne it Nasjonaal Museum, de protte merken, it Palais du Peuple, de Grand Mosque, it nachtlibben en it tichtby lizzend Iles de Los. De stêd is ek bekend om syn botanyske tunen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Conakry fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Conakry, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.