Ypke Gietema (Maarn, 4 jannewaris 1942- 9 maart 2013) wie in Nederlânske politikus foar de PvdA.
De dûmyssoan Ypke Hein Gietema groeide op yn Koarnjum. Nei de HBS yn Ljouwert studearre hy sosjology oan de RuG en waard dêrnei yn 1969 beneamd as dosint en koördinator by de destiidske sosjale academy (ASCA) yn Grins. Yn 1974 waard hy keazen as riedslid fan de gemeente Grins. Hy folge yn 1978 Max van den Berg op as wethâlder fan Romtlike Oardering. Gietema ûntwikkele him as ien fan de driuwende krêfen efter ferskate - faak kontroversjele - bouprojekten yn de stêd, lykas de nijbou fan it Grinzer Museum.
Gietema rekke yn augustus 1990 belutsen yn in polityk reltsje oer de kosten fan de ynrjochting fan de wethâlderskeamers. It tydskrift Eigen Huis en Interieur ûntfâlde dat syn fergadertafel en de byhearrende stuollen mei inoar mear as 5.300 gûne koste hie. De opposysjepartij GrienLinks easke klearrichheid. Gietema neamde de krityk "ûnsinnich".
Yn 1992 gie Gietema ôf nei oanlieding fan de Grinzer Kredytbank-affêre. Yn datselde jier krige hy de Rotterdam-Maaskantpriis foar syn bydrage oan de arsjitektuer.
Nei syn ôfgean as wethâlder krige Gietema te kampen mei sykte. Letter hold hy him dwaande mei "it realisearber meitsjen fan foar de mienskip wichtige saken yn de romste sin fan it wurd en dat benammen yn gearhing mei foarjouwing en ynrjochting fan de iepenbiere romte". Yn 1996 wie hy sjueryfoarsitter fan de twajierlikse Omjouwingsarsjitektuerpriis.
Oer Gietema waard in 2007 troch Jasper Huizinga en Lotte Veltman de dokumintêre "Ypke" makke.
In funksje yn de lanlike polityk hat er, nei eigen sizzen, nea ha wold. "Lit my mar lekker kloaie yn de provinsje", wie syn biedwurd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ypke Gietema, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.