Organisaasje

In organisaasje (fan it Frânske organisation) is een gearbondeling fan kennis, feardichheden en krêft tusken trije of mear persoanen dy't benammen middels en aktiviteiten ynset om te foarsjen yn in ferlet oan produkten en/of tsjinsten yn it direkte om-en-by.

Synonimen binne ynstelling, ynstânsje (fan it Frânske instance) en ynstitút (fan it Frânske institut). Organisaasjes binne opboud út 'e inoar oanfoljende begripen taakferdieling en koördinaasje. Yn 'e ekonomy wurdt in organisaasje beskôge as it gehiel fan produksjefaktoaren, prosedueres en minsken dy't gearwurkje om beskate doelstellings te berikken. As sprektaalterm wurdt 'organisaasje' faak as synonym brûkt foar in bedriuw, stifting of feriening. Ek by ienmansbedriuwen is dat it gefal, hoewol't ien persoan strikt nommen gjin organisaasje foarmje kin.

Eltse organisaasje stipet op trije basispylders, de saneamde trije k's:

  • kennis: dêrûnder wurdt alle wittenskip beflapt dy't nedich is foar it goed funksjonearjen fan 'e ynnommen posysje, lykas technyske kennis, organisaasjelear, gedrachswittenskippen (hoe reägearje de minsken op in aksje fan 'e organisaasje), kommunikaasjekunde, risiko-analyze, ensfh.
  • kader: alle hierargyske lagen fan 'e organisaasje, de nivo's dêr't beslissings op nommen wurde en opdrachten formulearre wurde.
  • kontrôle: hjirûnder wurdt ferstien dat eltsenien yn syn funksjonearjen en hanneljen kontrolearre wurde moat, mei as doel om fraude en korrupsje foar te kommen en ferlet oan byskoalling te efterheljen. It fermogen ta útfiering fan kontrôle wurdt gauris beheind troch ferlet fan behâld fan privacy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BedriuwEkonomyFerieningFrânskKennisKrêftMinskeStiftingSynonimenSynonymYnstitút

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Minsklike seksuele aktiviteitIerdgasOekraïne1967TongaDaisy SummersWeblochSaya SongEala Frya FresenaRichard SchuilMax WernerSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976Veronica RodriguezSeksuele penetraasjeRae Lil BlackLily CollinsSineeske baltsjesGroepseks1839Spoar fan Mariënberg nei AlmeloHôf fan TwinteCornelis over de LindenKampen (gemeente)List fan Belgyske keunstskildersAct of SettlementSumatraanske pappegaaidoGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 20152017Beand Baas en Smarige Skep444Johan van SeijstJake SteedCowgirlhâlding1944SneinJ.A. Bruins jr.Polo op de Olympyske Simmerspullen 1900Utert (stêd)Silkeborg (gemeente)feehâlderijSensual JaneJayden LeeMegan SalinasAugust StrindbergMasturbaasjeGaya PatalJapanAlexa FlexyVideo Art HollandTiidsônes yn de Feriene SteatenOsmaanske RykHûnefangerSpûkferhaalKoördinearre WrâldtiidSeptember ReignGrypsturtOrale seksPornoaktrisehoannebiterijJoyce OliveiraJoos de MomperFormosapappegaaidoNút (lichemsdiel)🡆 More