Yde Schakel

Yde Schakel (Tsjerkwert, 10 juny 1928 - Snits, 9 april 2020) wie in oannimmer/restaurateur.

Schakel gie nei de ambachtsskoalle en waard dêrnei timmerman yn Eksmoarre. Yn de jierren santich lei er him hieltyd mear ta op de restauraasjes. Op in stuit hie er 200 man yn tsjinst om de stream fan opdrachten oan te kinnen. Ein jierren santich ferkocht er syn bedriuw. Yn 1973 stie Schakel oan de widze fan Monumintewacht Nederlân.

Hy wie de oprjochter fan de museumrûte Aldfaers Erf mei ûnder oare de pleats de 'Izeren Ko' dy't er yn 1968 kocht en dêrnei restaurearre. Troch syn persoanlike winsk om in eigen state te hawwen en troch syn kennis en ûnderfining as oannimmer yn de restauraasjebou, boude er syn eigen state krekt bûten Allingawier. Hy neamde it Allingastate.

Op 28 juny 1989 sette Schakel útein mei de partij 'Grien Rjochts Gemeente Belangen'.

Schakel wie in leafhawwer fan silen en sadwaande belutsen by de opjochting fan de IFKS. Ek hie er in eigen wedstrydskûtsje en wie er belutsen by Oorlam Race mei skûtsjes, tusken Harns en Flylân.

Yde Schakel stoar yn de âlderdom fan 91 jier en waard te hôf brocht yn Allingawier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Klaas Jansma - Hoge Vlucht - tot achter de horizon, biografy fan Yde Schakel. 2002 ISBN 908065504X
  • Yde Schakel, bekend van Aldfaers Erf, overleden, Frysk Deiblêd, 11 april 2020.

Tags:

10 juny192820209 aprilSnits (stêd)Tsjerkwert

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

J. MacBedriging (misdriuw)Julie SkyhighGuyana1901Creative CommonsFilipinenLjouwert (stêd)KompjûterprogrammaHavana GingerMount RushmoreTruus PostmaPake en beppeLatynEreksjeWûnseradiel1 febrewarisManedoBudgetPreeti en Priya Young1 jannewarisEastfryslânJohan KaartpriisUbbenaWolverineJureka del MarJarretank3 desimberAchille Devéria9 junyCJ MilesRain ManArwen GoldHarmony WonderRosa CaraccioloFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Doekle Terpstra24 julyMaya BijouYnternasjonale Kynologyske Federaasje24 aprilJacht (aktiviteit)Miljuschka WitzenhausenEtiopyske kalinderAnale seksFriezenSkotskPlestikRoemeenskHagekrûperKrúswurdpuzelFeneesje (stêd)Pûn sterlingRicki RaxxxFeanster FeartTechnologyBulgarije2014Shalina Devine2010-er jierrenMegan SalinasWesterlauwerske FriezenGeorges SimenonPortegalDomtsjerke fan ParmaSasha Beart16 aprilJierAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996🡆 More