Wybren van Wieren (Marsum, 6 juny 1953) is in technysk tekener en keatser út Marsum.
Ek syn bruorren Robert (1942), Klaas (1944) en Jos (*1946) wienen keatsers.
Wybren wûn twa tredde prizen op it NK foar skoaljonges (1963 en 1965) en ien tredde op de Jong Nederlânpartij yn 1975. Yn 1971 keatste hy foar it earst op de PC as foarynse. Mei keatsferiening "Foarút" út Marsum waard hy Nederlânsk kampioen. Nei dy tiid hat er keatst mei Sjouke de Boer, Peter Rinia, Tunno Schurer, Gerrit van der Heide en syn bruorren. Letter waard er efterynse en syn opslach stie doe bekend as de "Swyp fan Wyp". Dêrnei hat er in soad prizen wûn: 140 earste, 134 twadde en 100 tredde prizen.
Op 16 septimber 1990 naam Van Wieren ôfskie. Mei Sake Saakstra en Johannes Brandsma is hy op 14 septimber huldige foar syn keatsfertsjinsten op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Yn it ivich keatsklassemint stiet hy yn 2007 mei 788 punten op in tredde plak. Waard 42 kear kening.
Hy is letter foarsitter fan keatsferiening Foarút wurden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wybren van Wieren, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.