Roman Written In Red

Written in Red is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop.

De titel betsjut: "Skreaun yn Read" (in ferwizing nei bloed). It boek fertelt it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl siket by de rûnom freesde foarmferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'. Written in Red is it earste diel fan 'e romansearje The Others. It waard yn 2013 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Blake Morrow.

Written in Red
algemiene gegevens
auteur Anne Bishop
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2013, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Others
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel Murder of Crows
kodearring
ISBN 978-0 45 14 64 965

Ynhâld

Written in Red set útein as de jonge frou Meg Corbyn yn in sniestoarm dêr't se hielendal net op klaaid is, troch in ûnbekende stêd doarmet. Hja is in cassandra sangue, in bloedprofetesse, dy't, as der in sneed yn har hûd makke wurdt, betroubere foarsizzings docht. Om't bloedprofetessen faak ferslave reitsje oan it gefoel fan eufory dat se fiele as se in foarsizzing dogge, en om't se (sa wurdt sein) sljochtsinnich reitsje troch it dwaan fan tefolle foarsizzings, is der in bepaling yn 'e minsklike wet opnommen dy't yn harren gefal in "barmhertich eigendom" tastiet. De maatskippij wit net better as bloedprofetessen liede in luzelibbentsje frij fan soargen yn spesjale ynstellings dêr't se op treflike wize fersoarge wurde. Yn wurklikheid binne sokke tehuzen jildmasines foar harren eigner, dy't de foarsizzings fan syn profetessen foar grou jild ferkeapet. Eltse foarm fan tsjinakseljen troch de froulju wurdt beäntwurde mei gewelddieldige bestraffings, wylst de profetessen bleatsteane oan seksueel misbrûk en oare foarmen fan mishanneling troch harren manlike fersoargers.

Ien fan 'e meast útsochte bestraffings is om 'e profetesse te kneveljen foar't se snien wurdt, sadat se de foarsizzing net útsprekke kin. Yn sa'n gefal is der gjin eufory, mar inkeld in helske pine. Om it noch slimmer te meitsjen wurdt der dan troch de groeden fan eardere sneden hinne snien, mei as gefolch dat de bylden fan ferskate profesijen har ferminge, wat in profetesse geastlik stikkenmeitsje kin. Wat de fersoargers net witte, is dat de profetessen, dy't harren foarsizzings net ûnthâlde kinne as se se útsprekke, der wol oantinzen fan oanmeitsje as se se net útsprekke kinne. En as der troch groeden hinne snien wurdt, kombinearje de bylden har soms ta nije foarsizzings dêr't de profetesse wat oan hat.

In jonge profetesse, cs759, hat op dy manear sjoen dat (en hoe't) se út 'e ynstelling fan har eigner, de Kontroleur, ûntsnappe soe/koe. Se fûn de moed om dy profesije wier te meitsjen troch út te naaien, en naam op har flecht de namme Meg Corbyn oan. Nei in lange reis befynt se har dy jûns let, as der in sniestoarm oer it lân giselet, yn tinne klean yn in ûnbekende stêd. Mar dat makket neat út, want yn har fizioen hat se sjoen dat se yn in boekhannel in man moetsje sil dy't har helpe sil. As se de winkel yngiet, treft se dêr yndie de persoan út har fizioen, mar it is gjin man, mar ien fan 'de Oaren', de eangstoanjeiende foarmferwikselders dy't it kontinint Thaisia behearskje en de minsken der allinnich mar duldzje om't se ferslingere rekke binne oan minsklike produkten lykas tillefyzjes, kompjûters, films en boeken.

Meg is yn 'e stêd Lakeside, yn it noardeasten fan Thaisia, bedarre, en is dêr sûnder erch it 'binnenplak' yngien, in hektares grut stik wyldernis midden yn 'e stêd dêr't in pear hûndert Oaren tahâlde as in soarte fan ambassade. Eltse gruttere stêd yn Thaisia hat sa'n binnenplak, mar dat fan Lakeside is bysûnder om't de Oaren dêr in eksperimint hâlde om minsken te observearjen. Dêrom hawwe se in diel fan it binnenplak omfoarme ta in merkplein dat omseame wurdt troch winkels dy't troch Oaren dreaun wurde, mar dêr't minsklike winkelbetsjinden wurkje en minsklike klanten talitten wurde. De boekhannel (Gûlend Goed Lêsfoer) dy't Meg yngien is, wurdt dreaun troch Simon Wolfgard, in foarmferwikselder dy't in minsklike foarm hat, mar dy't fan natuere de foarm fan in Wolf oannimt. Hy is de lieder fan it binnenplak fan Lakeside, en as er beslút om 'e jonge frou, dy't om slutingstiid hinne yn fierstente tinne klean syn winkel binnenkomt, in sliepplak yn it binnenplak oan te bieden, hat dat gefolgen dy't noch de minsken, noch de Oaren ea ferwachtsje kinnen hiene.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Simon is yntrigearre troch Meg, dy't, oars as oare minsken, net rûkt as in proai. Meg sels beseft dat it binnenplak wierskynlik it iennichste plak is dêr't se feilich is foar de lange earm fan 'e rike (en machtige) Kontroleur (waans wiere namme se net wit). It binnenplak hat in fakatuere foar de funksje fan kontaktpersoan, d.w.s. dejinge dy't de aldendeiske kontakten tusken it binnenplak en de minsklike bûtenwrâld ûnderhâldt. Simon wurdt al dagenlang lestichfallen troch in minsklike frou, Asia Crane, dy't har sin op dat baantsje set hat. Mar der is wat oan har dat Simon net sinniget, en út argewaasje oer har oanhâldende trochseuren beslút er Meg ta kontaktpersoan te beneamen. Har wurk bestiet foar it meastepart út it oannimmen en ôfjaan fan post en bestellings, it sortearjen en rûnbringen fan brieven en pakkettsjes en it beäntwurdzjen fan fragen. Dêrtroch kriget se net inkeld in protte kontakt mei de bewenners fan it binnenplak dy't oan it merkplein wurkje, lykas Henry Beargard, de houtfykjende grizzlybear dy't de sjamaan fan it binnenplak is, en Tess (in Oare fan wa't nimmen de krekte soarte wit), dy't it restaurant In Lyts Hapke runt, mar ek mei de Oaren dy't djipper yn it binnenplak tahâlde.

Underwilens wurdt Crispin James Montgomery, byneamd 'Monty', in plysjeresjersjeur dy't koartlyn nei Lakeside ta oerpleatst is út 'e stêd Toland, oan 'e eastkust, troch syn baas, Douglas Burke, de kommandant fan it plysjeburo Chestnut Street, belêstge mei it kontakt mei it binnenplak. Monty hat in better begryp foar de benearjende posysje fan 'e minsken yn Thaisia as syn measte kollega's. Op it kontinint binne de minsken foar it meastepart konsintrearre yn in stikmannich stêden dy't as enklaves mank it wyldlân lizze dêr't de Oaren libje. Alle lân yn Thaisia is eigendom fan 'e Oaren, en de minsklike stedsbewenners moatte sadwaande oan harren hier betelje. Op elts stuit dat sy dat wolle, kinne de Oaren op Thaisia in stêd fan 'e bûtenwrâld ôfslute of sels mei de grûn lyk meitsje. Der is Monty en kommandant Burke dan ek alles oan gelegen om goede relaasjes mei de Oaren te hâlden. Dat wurdt harren dreech makke as de gûverneur fan 'e Noardeastlike Regio en de boargemaster fan Lakeside op fersyk fan 'e Kontroleur druk op 'e plysje begjinne út te oefenjen om Meg oan te hâlden. Der komt in opspoaringsberjocht wêryn't Meg (sûnder har namme te jaan) omskreaun wurdt as in dievegge dy't sa gau mooglik ynrekkene wurde moat.

Mei dêrtroch komt oan it ljocht dat Meg in bloedprofetesse is, eat dat se oant dy tiid oan nimmen ferteld hie. Simon is der min oer te sprekken dat se soks foar de Oaren stilholden hat, mar tsjin dy tiid hat Meg troch har freonlike en respektfolle hâlden en dragen in plak yn it hert ferovere fan pake Erebus, de lieder fan 'e Sanguinati (fampieren) yn it binnenplak, wylst se boppedat freonskip sletten hat mei de elemintêre ierdgeast Winter (in namme dy't letterlik nommen wurde moat). En de Krieën (dy't har oeral folgje) neame har 'de Meg' en wurdearje har as in ûnútputlike boarne fan fermaak. Dat Simon, Henry, Tess en Simon syn sakepartner Vlad Sanguinati, dy't mei-inoar de sakekommisje fan it binnenplak foarmje, hawwe gjin oare kar as om Meg yn 'e funksje fan kontaktpersoan te hanthavenjen. It antwurd fan 'e Oaren oan 'e plysje is dat de kontaktpersoan fan it binnenplak net deselde persoan is dejinge op it opspoaringsbefel (ek al lykje se as twa drippen wetter opinoar) en dat de Oaren der tige ûngelokkich mei wêze soene as immen harren kontaktpersoan besykje soe te arrestearjen . Monty ynterpretearret dat as: 'ast oan Meg komst, komst oan ús.' Underwilens giet Meg folslein sûnder erch troch mei harsels ûnmisber te meitsjen as Simon fuortroppen wurdt foar in gearkomste fan binnenplaklieders en hy har de soarch foar syn omkesizzer Sam opdraacht.

Sam wie derby doe't twa jier lyn syn mem Daphne troch in minsklike slûpskutter deasketten waard. Sûnt dy tiid wegeret it traumatisearre Wolvejong noch in minsklike foarm oan te nimmen, en doar er suver net mear nei bûten ta. Yn twa dagen tiid wit Meg him út 'e hûs te krijen troch te boartsjen dat se twa ûnferfearde aventoerslju binne. Krekt as berchbeklimmers dogge sokken in feilichheidstou om, sadat se inoar út (bygelyks) sniebanken skuorre kinne (as ien fan harren dêr mei in oanrin yn springe soe). Foar de oare Wolven liket it wol as hat Meg de jonge Sam oan in hûnerym; dêr binne se poerrazen oer, wat hast ta in ûnderlinge konfrontaasje mei de Sanguinati liedt, dy't fan pake Erebus it befel krigen hawwe om Meg te beskermjen. Op 'e jûns dat Simon wer thúskomt, rint dat hast út 'e hân as syn heit (en Sam syn pake) Elliot, de konsul fan it binnenplak, Meg tenei komt, mar krekt dan feroaret Sam himsels foar it earst yn twa jier wer yn in minske om Meg te ferdigenjen en syn pake it mannewaar op te sizzen. Mei dat bewiis dat Meg har oanpak fertuten docht, kin de hiele kwestje glêdstrutsen wurde.

Yn 'e tuskentiid hat Meg de jonge Sam in pear dagen meinommen nei har wurk, dêr't Asia Crane him sjoen hat. Asia is in jonge, tige kreaze frou, dy't yn opdracht fan rike persoanen ynformaasje besiket te garjen oer it binnenplak fan Lakeside en de Oaren dy't dêr libje. Hja hat de ambysje om in ferneamd aktrise te wurden, en tinkt dat se mei dit wurk foar harsels de haadrol yn in eigen tillefyzjesearje lospeuterje kin, mei't har wichtichste opdrachtjouwer in tillefyzjeprodusint is út Sparkletown, oan 'e westkust. No docht se har foar as freondinne fan 'e naïve Meg, en sadree't se Sam sjocht, kin se net mear ophâlde deroan te tinken hoefolle jild oft se wol net fertsjinje kin as se in jong fan 'e Oaren witte soe te bemachtigjen. Trochdat se sa'n soad by it binnenplak omhinget, hat se oaren opmurken dy't dat ek dogge. As se kontakt siket, docht bliken dat it giet om lju dy't ynhierd binne troch de Kontroleur, dy't noch altyd syn kostbere besit weromhawwe wol. Se beslute om gear te wurkjen. Lykas ôfsprutsen kringt Asia letter it kantoar fan 'e kontaktpersoan binnen, dêr't se fergif oer de sûkerklûntsjes struit dêr't Meg de ponnys mei beleannet dy't har helpe om 'e post rûn te bringen. Asia riddenearret dat dat domme bisten binne, dy't nimmen echt misse sil, en dy't dêrom gaadlik binne om as ôfliedingsmaneuver te tsjinjen. Se hat gjin idee wêr't se it oer hat: de ponnys binne de boppenatuerlike ryddieren fan 'e geasten fan 'e jiertiden en de eleminten.

Ear't se de fergiftige klûntsjes útdiele kin, kriget Meg lykwols in prikeljend gefoel yn 'e lea, dat in teken is dat se in profesije dwaan moat. Se freget Tess derby om 'e foarsizzing oan te hearren, en dêr docht dúdlik út bliken dat der wat mei de sûkerklûntsjes is. As út ûndersyk bliken docht dat dy fergiftige binne, en dat Meg de ponnys rêden hat fan in aaklike dea, is har posysje yn it binnenplak foargoed bewissige. De elemintêre geasten begjinne nei har te ferwizen as 'ús Meg'. As se hearre dat se har foar de profesije yn 'e foet snien hat, folgje der in pear dagen fan waarmte dy't alhiel net yn oerienstimming mei de tiid fan 't jier binne. Dat soe oan eltsenien dúdlik meitsje moatte hoe'n wearde oft de elemintêre geasten no oan har takenne: Winter hat har suster Maityd fier foar har tiid wekker makke om derfoar te soargjen dat Meg mei har seare foet net útglidet op oanferzen iis op 'e bestrjitting. Mar oan 'e minsken, dy't gjin aan hawwe fan wat der behalven foarmferwikselders noch mear yn it binnenplak libbet, giet dy warskôging alhielendal foarby.

As de in nije sniestoarm út it noardwesten oer Lakeside tsjocht, besykje Asia Crane en de trewanten fan 'e Kontroleur om Meg Corbyn en it Wolvejong út it binnenplak te ûntfieren. Se kringen by nacht en stoarm op ferskillende punten it binnenplak yn en komme de Oaren dêrmei oer it mad. Ien fan 'e ponnys, in Wolf en in Hauk komme om, en as alle Oaren efter de ynkringers oangeane, docht Asia in wraam op Meg en Sam. Mar Meg hat ek hjiroer in fizioen hân, in foarsizzing dêr't se de pine fan foar leaf nommen hat en dy't se mei nimmen dield hat. Se wit wat se dwaan moat om Sam te rêden, mar se is der wis fan dat se dan sels de nacht net oerlibje sil. Lykwols tinkt se der gjin momint oernei om wat oars te dwaan. Se ûntglûpt Asia en wit Sam by pake Erebus te bringen, ear't se sels wer fierder flechtet om har efterfolgers mei te lokjen. De trewanten fan 'e Kontroleur dy't de wente fan pake Erebus ynkringe om Sam dêrwei te heljen, draaie in raar gat yn. Mar krekt sa't se yn har fizioen sjoen hie, slagget it Meg net om oan har efterfolgers te ûntkommen, en by har flecht oer de beek sakket se troch it iis. Dan wurdt alles swart.

Mar Simon, de Prêrjewolf Jester en Winter arrivearje fuort dêrnei, jeie de ynkringers op 'e flecht en fiskje de bewusteleaze Meg út it wetter, om har dêrnei yn in belslide lytsen troch de ponnys Tonger en Wjerljocht nei it sikehûs te bringen. Wylst it medysk personiel dêr foar Meg har libben fjochtet, boazet de sniestoarm oan ta in nea earder foarkommen ferheftigens as Winter har grime de frije leie jout. Fan 'e trewanten fan 'e Kontroleur ûntkomt net ien oan 'e wraak fan 'e Oaren, en Asia Crane ûntdekt wat in 'Libbensrisper' is as se op har flecht Tess tsjin it liif rint en dy har wiere aard blike lit. Tsjin 'e oare moarns is dúdlik dat Meg it helje sil. Ek is dúdlik dat dat net foar eltsenien jildt. De boargemaster, ien fan 'e oanjagers fan 'e plysjesyktocht nei Meg, wurdt oantroffen yn syn sliepkeamer dêr't er smoard is om't dy fan flier oant plafon grôtfol sit mei tichtopinoar pakte snie. En de gûverneur fan 'e Noardeastlike Regio, in oare meistanner fan 'e Kontroleur, wurdt hûnderten kilometers fierderop, thús yn 'e regiohaadstêd Hubbney, deaferzen fûn yn syn eigen bad. In deimannich letter, as se in hiel stik opbettere is en der gjin gefaar foar longûntstekking mear bestiet, ferfettet Meg Corbyn har wurk as kontaktpersoan fan it binnenplak, ta opluchting fan 'e plysje, de waarnimmend boargemaster en de Oaren. De Kontroleur siket noch altyd nei Meg. It ferskil is: no sykje de Oaren ek nei him.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Others (romansearje)
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone
spyljend yn deselde wrâld as The Others
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship*
* koart ferhaal

Tags:

Roman Written In Red YnhâldRoman Written In Red2013Anne BishopBlake MorrowBloedBoekFantasy (sjenre)FerhaalFeriene SteatenFoarmferwikselderMinskeNew York (stêd)OmslachProfeetRoc BooksRomanRomansearjeSkriuwsterThe Others (romansearje)Titel (namme)Útjouwerij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tonger (god)WikipedySudokuJamie Lee CurtisAaliyah HadidReadboarstkroandoWytsingenLea HalpernHalletsjerkeOflûken (seksualiteit)Vina SkyJapanskList fan sterke tiidwurden yn it FryskKryptogramSomaaljeF/A-18E/F Super HornetArwen GoldJohan van SeijstMinske22 augustusSosha DuyskerPaulina SeikolaKatedraal fan CataniaMoardnerij fan Oradour-sur-GlaneJarig van der WielenLânmachtHaïtySkiednis fan FryslânTwitterSyryskAlexa FlexyCassandra WildeAldgislPompeblêdBritney SpringBelgjeJeropeesk RuslânFiktoaria fan it Feriene KeninkrykGearstallingNina AgdalJeruzalimSkamte (anatomy)GeslachtsmienskipPurmereinGeorgyskYnternetNicolette SheaGemysk wapenThe New York TimesHTMLFryske talenArtystenamme15 aprilSeptember ReignMirjam OldenhaveNederlânskSaskatchewanVanda VitusLiteratuer1e iuwWordPressApogeumSlowaakskTony van der MeulenHavana GingerSkiftMoriah MillsFraachpetearOffisjele taal1993🡆 More