Moskou Wite Hûs

It Wite Hûs (Russysk: Белый дом; Bely dom) yn Moskou, offisjeel 'It Hûs fan it Regear fan de Russyske Federaasje', is it regearingsgebou fan Ruslân.

Moskou Wite Hûs
It Wite Hûs

Skiednis

Moskou Wite Hûs 
It Wite Hûs by de oanfal fan de pûtsjisten yn 1991

It Wite Hûs waard fan 1965 oant 1981 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Dmitri Tsjetsjûlin boud foar de Heechste Sovjet fan Ruslân. Yn augustus 1991 waard it gebou in sintrum fan ferset tsjin konservative kommunisten, dy't Michaïl Gorbatsjov ôfsette woene om de ynsette fernijings werom te draaien. Besocht waard om mei in diel fan it leger dat de kant keas fan de opstannelingen it Wite Hûs te bestoarmjen, mar troch it enerzjike ferset fan it Moskouse folk mislearre dat.

By de Russyske Konstitúsjonele Krisis fan 1993 rekke it gebou yn brân en slim skeind. Oarsaak fan dy krisis wie de ûnwettige ûntbining fan it parlemint troch Boris Jeltsin. Der ûntstie striid tusken de útfierende en de wetjouwende macht, dy't yn in wapene striid eskalearre, werby't tanks fan de troepen dy't Jeltsin trou wiene op it gebou skeaten. Yn de tiid dêrnei moast it gebou rekonstruëarre wurde.

Gebrûk

Oant de konstitúsjonele krisis fan 1993 wie it Wite Hûs it plak fan de Heechste Sovjet en it Kongres fan de Folksdeputearren. It parlemint krige sûnt de ferkiezings fan 1994 wer de tsaristyske namme Steatsdûma en ferhûze doe nei in oar gebou tichteby it kremlyn. Tsjintwurdich is it Wite Hûs de resindinsje fan it regear fan Ruslân.


Moskou Wite Hûs  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wite Hûs (Moskou) fan Wiki Commons.

Tags:

MoskouRuslânRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Burj Khalifa1927Seksuele penetraasjeFriesWrâldsûnensorganisaasjeNel Benschop1 febrewarisMarten LutherMidsiuwenLexi DiamondNRJ Music AwardFriezenEeldeFeriene SteatenPaulina SeikolaSasha BeartEliaBachrein9 maartSavannah GoldGrutte Heitelânske KriichCassandra WildeSúd-AfrikaVVDGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2004Wrâldkampioenskip fuotbalKanieldo1780Tel AvivHelen DuvalHTMLWûnseradielFeanster Feart8 desimberFideospultsjePriya PriceMerknammeJan Hepkes WoudaRocco Siffredi1951Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)BedrigingLjouwert (stêd)Zevenhuizen (Westerkertier)Carmel Moore1907Lofthaven EeldeKatee OwenMeksikoFeriene Keninkryk24 aprilSensual JaneDiezerpoarte5 desimber1 jannewarisTiidsôneHeipealhâldingDownloadKrystal SwiftHylke SpeerstraSean LawlessMichiganHûntsjeshâldingJustin SlayerOseaanUpskirt🡆 More