Winnetou 3. Teil: Film út 1965 fan Harald Reinl

Winnetou 3.

Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou dritten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavyske westernfilm út 1965. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu III, en yn it Ingelsk stied er bekend as The Desperado Trail. It wie de trêde yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 3. Teil waard, krekt as de beide foargongers, regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker op 'e nij de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. Yn 'e film moatte de beide helden fannijs yn aksje komme om 'e frede tusken blanken en Yndianen te bewarjen, as banditen dy besykje te fersteuren. Winnetou 3. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

Winnetou 3. Teil
Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje film
Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje
makkers
regisseur Harald Reinl
produsint Horst Wendlandt
Erwin Gitt
Stipe Gurdulić
senario J. Joachim Bartsch
Harald G. Petersson
basearre op de Winnetou-rige fan Karl May
kamerarezjy Ernst W. Kalinke
muzyk Martin Böttcher
filmstudio Rialto Film
Jadran Film
distribúsje Constantin Film (Jeropa)
Columbia Pictures (Fer. Steaten)
spilers
haadrollen Pierre Brice
Lex Barker
byrollen Rik Battaglia
Sophie Hardy
Ralf Wolter
Carl Lange
Miha Baloh
skaaimerken
lân/lannen Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje West-Dútslân
Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje Joegoslaavje
premiêre 15 oktober 1965
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Dútsk
spyltiid 93 minuten
filmsearje
filmsearje Winnetou
● foarich diel Winnetou 2. Teil

Plot

Nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch komme almar mear blanke kolonisten nei it Wylde Westen ta om harren op it lân fan 'e Yndianen nei wenjen te setten. Yn it Amerikaanske Súdwesten hat it opperhaad Winnetou derfoar soarge dat de frede tusken de blanken en syn Apachen bewarre bliuwt. Dat sinniget guon blanken min, om't se longerje op it lân dat de Apachen troch it Amerikaanske regear taparte is, dêr't ierdoalje te finen is. In espel sakelju sûnder skrupules om 'e ynklauwerige Vermeulen hinne stjoert der in binde banditen op út om op it lân fan Winnetou syn Meskalearo-Apachen bizons ôf te sjitten. Se hoopje dêrmei in wapene konflikt mei de Meskalearo út te lokjen, mei as gefolch dat harren troch de oerheid har lân ôfnommen wurdt om frijjûn te wurden foar kolonisaasje. Winnetou reägearret lykwols op trochtochte wize, en wegeret him útlokje te litten.

Wite Bizon, it opperhaad fan 'e Jikarylla-Apachen, lit him der, omkocht troch leverânsjes fan sterke drank en wapens, lykwols ta bringe om lân dat er al oan it Amerikaanske regear ôfstien hat, werom te foarderjen. Winnetou reizget mei syn bloedbroer Old Shatterhand nei de territoriale haadstêd Santa Fe foar oerlis mei de gûverneur. Dat is krekt as Winnetou in man fan goede wil, en hy hat der by de Amerikaanske presidint op oanstien om Wite Bizon syn sin mar te jaan, sadat yn elts gefal de frede bewarre bliuwt. De presidint hat dêryn tastimd. De gûverneur freget Winnetou en Old Shatterhand om Wite Bizon fan dat nijs op 'e hichte te bringen, en him tagelyk ek dúdlik te meitsjen dat er net noch mear konsesjes fan 'e oerheid hoecht te ferwachtsjen; as er him no net oan 'e ôfspraken hâldt, sil it Amerikaanske Leger yngripe. De beide bloedbruorren sizze ta it boadskip oerbringe te sillen, en sette dyselde jûns noch ôf út Santa Fe.

Wat se lykwols net witte, is dat de sekretaris fan 'e gûverneur op 'e hân fan Vermeulen is, en by dyselde oer harren bewegings ferslach docht. Om't Winnetou en Old Shatterhand by in stiengat lâns moatte, dêr't geregeldwei mei springstof wurke wurdt, stjoert Vermeulen in trewant, Gomez, derop út om derfoar te soargjen dat in ûntploffing dy't pland stie foar de oare deis 'by ûngelok' krekt plakfynt as Winnetou en Old Shatterhand by it stiengat lâns komme. Winnetou rûkt lykwols ûnrie, en de bloedbruorren binne Gomez te slim ôf. Wylst Winnetou trochriidt nei Wite Bizon, folget Old Shatterhand Gomez werom nei Santa Fe om te sjen wêr't er him hinne liede sil. Gomez giet linea recta werom nei Vermeulen, sadat Old Shatterhand wit wa't syn foarnaamste fijân is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't de moardoanslach mislearre is, ferstjoert Vermeulen neitiid in telegram nei it plak Clinton, dat op it paad fan Santa Fe nei it kamp fan Wite Bizon leit. Dêr hâldt him de binde fan Rollins op, dy't alris earder wat saakjes foar him opknapt hat dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Diskear moat Rollins derfoar soargje dat Winnetou it kamp fan Wite Bizon net libben berikt. It tafal wol lykwols dat him yn Clinton ek Sam Hawkens, in âlde freon fan Winnetou en Old Shatterhand befynt. As dy lucht kriget fan 'e opdracht fan Rollins, jout er him by de binde mei de bedoeling om 'e boel fan binnenút te sabotearjen. Hy hat lykwols bûten it feit rekkene dat syn freonskip mei Winnetou bekend is; Rollins nimt him inkeld mei om't er him leaver yn it each hâldt as dat er hat dat er temûk efter harren oanriidt. Underwilens hat Old Shatterhand yn Santa Fe Gomez op in stil plakje opwachte en geweken nommen, oant de man it hiele plan fan Vermeulen oan him opbychtet. Old Shatterhand set fuortendaliks ôf om Winnetou te help te kommen.

Rollins ferdielt syn binde yn twa groepen, wêrfan't er de iene ûnder oanfiering fan Kid foarút stjoert. Sels wachtet er mei de oare groep Winnetou op, mar foar't se in mûklaach foar it opperhaad lizze, lit Rollins earst Hawkens finzennimme en oan in beam fêstbine. Tanksij syn yntelliginte hynder Iltschi wit Winnetou oan Rollins syn mûklaach te ûntkommen. Hy riidt fierder mei de groep fan Rollins op 'e hakken, wylst de groep fan Kid him earne foar him befynt. Old Shatterhand komt by it plak fan 'e mûklaach lâns, dêr't er Hawkens befrijt, dy't him fertelt wat der bard is. Tegearre ride se fierder. By in grutte wetterfal hat de groep fan Kid in twadde mûklaach lein, mar ek dêr wit Winnetou oan te ûntkommen, diskear troch him mei reidpypke om troch te sykheljen ûnder wetter beskûl te hâlden. Hy stjoert Iltschi derop út om Old Shatterhand te finen, en as de hynst by Old Shatterhand en Hawkens komt, wit Old Shatterhand dat Winnetou driuwend syn help nedich is, en riidt er foarút, wylst Hawkens op eigen tempo folget. De no wer feriene binde fan Rollins efterfolget Winnetou it berchlân yn, dêr't se him op 'e rotsen op in hier nei klem witte te setten. Old Shatterhand arrivearret lykwols krekt op 'e tiid om dêr in stokje foar te stekken.

De beide bloedbruorren bejouwe har nei it kamp fan Wite Bizon, dêr't se it opperhaad fan 'e Jikarylla fierhinne witte te bepraten om him yn frede ûnder it bewâld fan 'e blanken del te jaan. Wite Bizon wol lykwols oerlizze mei syn soan, Flugge Poema, foar't er syn wurd jout. Underwilens wachtet Rollins Flugge Poema op en stekt dyselde dea mei it mês fan Winnetou, dat Winnetou by in gefjocht efterlitten hie yn 'e skonk fan ien fan Rollins syn mannen. Rollins bringt it lyk fan 'e jonge Yndiaan nei it kamp fan Wite Bizon ta, dêr't er fertelt dat er sjoen hat dat Winnetou him ûnferhoeds en sûnder reden fermoarde hat. Wite Bizon yt dy leagen foar sûkerswiet op en lit Winnetou en Old Shatterhand finzen nimme om harren te deadzjen. Se wurde lykwols op wûnderbaarlike wize rêden troch Sam Hawkens, waans stellen hynder in kiste mei fjoerwurk opbûn hie. As er it fjoerwurk ôfstekt, flechtsje de Jikarylla-krigers, dy't soks noch nea sjoen hawwe, yn panyk fuort.

Neitiid riidt Old Shatterhand nei Clinton ta, dêr't er de gûverneur om help tillegrafearret. Dy stjoert der in ôfdieling kavalery op ôf en lit tagelyk Vermeulen oppakke. Wite Bizon en syn krigers en Rollins en syn mannen efterfolgje Winnetou nei it doarp fan 'e Meskalearo-Apachen, dêr't Old Shatterhand en Sam Hawkens harren by him jouwe. As de fijân lykwols by nacht it doarp bestoarmet, docht bliken dat it ferlitten is en fljocht it troch in snoade set fan Winnetou yn 'e brân foar't se it yngean kinne. De Meskalearo-Apachen hawwe harren nammentlik weromlutsen yn it berchlân, dêr't se har op 'e hichten ferskânzje yn ôfwachting fan 'e komst fan 'e kavalery. Se wurde dêr belegere troch Rollins en Wite Bizon. Rollins sels kladderet ûngemurken omheech, en as de ferdigeners drok dwaande binne in oanfal ôf te slaan, wol er fan in sideplak ôf Old Shatterhand deasjitte. Winnetou kriget him lykwols krekt op 'e tiid yn 'e rekken, en smyt himsels yn 'e baan fan it skot. Hy wurdt yn it boarst rekke en sakket yninoar.

Fuort letter ferskynt de kavalery op it toaniel, dy't handich ôfweeft mei de binde fan Rollins en de krigers fan Wite Bizon. Rollins sels besiket nei syn mislearre oanslach de berch wer del te gean, mar hy wurdt mei in lasso fongen troch de Meskalearo-krigers, en oan ien foet ûnderstboppest omheech takele om dêrnei mei spearen deade te wurden. De legerdokter fan 'e kavalery-ienheid kin neat foar Winnetou dwaan, om't de kûgel te ticht by syn hert sit. Old Shatterhand bliuwt by syn bloedbroer en beprakkesearret de hichtepunten fan harren freonskip oant Winnetou komt te ferstjerren.

Rolferdieling

Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje 
Pierre Brice yn 2006.
    haadrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Winnetou Pierre Brice Thomas Eckelmann
Old Shatterhand Lex Barker Gert Günther Hoffmann


    byrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Rollins Rik Battaglia Arnold Marquis
Ann Sophie Hardy Marianne Lutz
Sam Hawkens Ralf Wolter n.f.t.
de gûverneur Carl Lange Curt Ackermann
Gomez Miha Baloh Friedrich W. Bauschulte
Kid Aleksandar Gavrić Michael Chevalier
Clark Ilija Ivezić Edgar Ott
Vermeulen Veljko Maričić Konrad Wagner
Wite Bizon (Weißer Büffel) Dušan Antonijević
Flugge Poema (Schneller Panther) Slobodan Dimitrijević Lutz Molk

Produksje

Winnetou 3. Teil waard regissearre troch Harald Reinl nei in senario fan J. Joachim Bartsch en Harald G. Petersson, dat basearre wie op 'e Winnetou-boeken fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). As produsint wie by de film belutsen Horst Wendlandt, mei as ko-produsinten Erwin Gitt en Stipe Gurdulić, foar de filmstudio's Rialto Film út West-Dútslân en Jadran Film út Joegoslaavje. De kamerarezjy waard fersoarge troch Ernst W. Kalinke en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Martin Böttcher.

Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje 
In plakette by de rivier de Zrmanja yn Kroaasje, ta oantinken oan 'e opnamen fan Winnetou 3. Teil dy't dêr plakfûnen.

De opnamen fan Winnetou 3. Teil setten op 14 juny 1965 útein en duorren oant 13 augustus. De measte sênes waarden opnommen yn 'e neite fan 'e Kroätyske havenstêd Split. Trogir, in âlde monumintale stêd op in eilantsje yn 'e Adriatyske See waard brûkt as dekôr foar de sênes dy't sabeare yn Santa Fe (Nij-Meksiko) spilen.

Mei't Winnetou 3. Teil in ynternasjonale cast hie, wêrfan't de leden net allegear Dútsk sprieken, waarden de teksten fan in protte akteurs yn 'e postproduksje fan 'e film yn it Dútsk neisyngronisearre (in proses dat yn 'e 1960-er jierren foar Jeropeeske ko-produksjes hiel gebrûklik wie). Sa krige bgl. de Frânske akteur Pierre Brice (Winnetou) de stim fan Thomas Eckelmann, wylst de teksten fan 'e Amerikaan Lex Barker (Old Shatterhand) ynsprutsen waarden troch Gert Günther Hoffmann.

Distribúsje

De distribúsje fan Winnetou 3. Teil waard yn Jeropa fersoarge troch Constantin Film. De film gie op 15 oktober 1965 yn 'e Westdútske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Feriene Steaten, dêr't Columbia Pictures foar de distribúsje ferantwurdlik wie, draaide Winnetou 3. Teil yn 1968 yn in beheind tal bioskopen.

Winnetou 3. Teil: Plot, Rolferdieling, Produksje 
It stedhûs fan it Kroätyske Trogir gie yn 'e film troch foar de gûverneursresidinsje yn Santa Fe.

Untfangst

De Westdútske filmkritisy wiene yn harren resinsjes oer it algemien loovjend oer Winnetou 3. Teil. Neffens de Hamburger Morgenpost wie de film "wurklik prachtich makke." De Frankfurter Allgemeine Zeitung spriek sels fan "perfekt', en wie benammen ûnder de yndruk fan 'e pyrotechnyske effekten en de ûnderwetteropnamen. Ek de Evangelischer Filmbeobachter neamde "dit lêste diel fan 'e Winnetou-trilogy […] beslist it bêst slagge." Deselde resinsje stelde fierders: "De effektfolle ein roert it sentimint oan sûnder sentiminteel te wurden." Yn 1998 skreau Michael Petzel lykwols yn syn Karl-May-Filmbuch: "It lêste diel fan 'e Winnetou-trilogy is it swakste: fan 'e orizjinele roman is neat oerbleaun."

Resultaat

Yn augustus 1966 waard oan Winnetou 3. Teil de Goldene Leinwand takend, in Westdútske priis foar films dy't binnen in jier tiid troch mear as trije miljoen minsken yn 'e bioskoop sjoen wiene. Yn 1967 wûn de film ek de Bambi, in priis dy't útrikt waard foar de kommersjeel súksesfolste film fan it jier (yn West-Dútslân), yn dit gefal foar it jier 1966.

Filmsearje

Winnetou 3. Teil wie it lêste diel fan 'e Winnetou-filmtrilogy, dy't yn 1963 begûn wie mei Winnetou 1. Teil, yn 1964 folge troch Winnetou 2. Teil.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Winnetou 3. Teil PlotWinnetou 3. Teil RolferdielingWinnetou 3. Teil ProduksjeWinnetou 3. Teil DistribúsjeWinnetou 3. Teil UntfangstWinnetou 3. Teil ResultaatWinnetou 3. Teil FilmsearjeWinnetou 3. Teil Keppelings om utensWinnetou 3. Teil1965BanditenBioskopenFilmkritisyFredeHaadrolHeldIngelskJeropide rasJoegoslaavjeKarl MayKommersjeOld ShatterhandRangtelwurdRegissearreResinsjeRomanSkriuwerTitel (namme)TrilogyWest-DútslânWesternfilmWinnetouYndianenÚtsprutsen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ArûbaKolombiaSalma Hayek1855ÛndersoarteSkiednisFamylje (taksonomy)29 junyGizehSpienTelefyzjeMagy13 maartEster (skiekunde)OerflakHavana Ginger2019NeolitikumCJ MilesSitaatArp HiemstraJeropaRuslânHans Christian Andersen1431Jezabel VessirAlgemien direkteurWikipedyRomantyk (leafde)1852Biskop200327 septimberSpaanske grypGedachtestreekjeEl NiñoEast-JeropaSeksuele opwiningTaal$PornoakteurEnsyklopedySatireSpanjeEtnografyAjaks (mytology)TiidFlechtleaze fûgelRaerdSeksuele stimulaasjeSekondeWesterske wrâld16 febrewaris190424 desimberSjiïsmeEeltsje Boates FolkertsmaDedemsvaartGeografyEastseeStockholmCoralie Trinh ThiMinnie BeetsKatee Owen7 aprilLjouwert (stêd)1978Gregoriaanske kalinderLânbou🡆 More