William F. Hanson

William F.

Hanson (folút: William Frederick Hanson; Vernal (Utah), 23 oktober 1887 – Provo (Utah), 22 juny 1969) wie in Amerikaansk musikolooch en komponist dy't benammen saakkundich wie op it mêd fan Yndiaanske muzyk.

William F. Hanson
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Frederick Hanson
nasjonaliteit William F. Hanson Amerikaansk
berne 23 oktober 1887
berteplak Vernal (Utah)
stoarn 22 juny 1969
stjerplak Provo (Utah)
etnisiteit William F. Hanson Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt komponist
jierren aktyf ±19101969

Libben en karriêre

Hanson waard yn 1887 berne yn Vernal, yn 'e Amerikaanske steat Utah, as de soan fan Peter Hanson en dy syn frou Sarah Helen Glines. Hy troude op 19 augustus 1910 mei in Afton Pack yn 'e timpel fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Salt Lake City. Mei har hied er twa soannen, Gene R. Hanson en J. Howard Hanson, en ien dochter, Elma Hanson Falkner.

Hanson genoat syn oplieding oan 'e Brigham Young Universiteit yn Provo, dêr't er sawol in bachelor- as in mastergraad yn 'e musikology behelle. Hy waard komponist en wurke as heechlearaar musikology. Syn grutste bekendheid krige er doe't er yn gearwurking mei de Yndiaanske musika en aktiviste Zitkála-Ša yn 1913 The Sun Dance skreau, dat de earste Yndiaanske opera wie. Hanson ferdjippe him neitiid fierder yn 'e muzikale tradysjes fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken yn 'e Feriene Steaten, en ûntjoech him ta in rûnom erkend ekspêr op dat mêd.

Hanson syn frou ûntfoel him op 28 jannewaris 1967, en sels kaam er op 22 juny 1969 nei in lang siikbêd te ferstjerren yn Provo, yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1887196922 juny23 oktoberFeriene SteatenKomponistMuzykProvo (Utah)UtahVernal (Utah)Yndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KrêftWesterske wrâldEjakulaasjeSatirePears1963BalkbrugBernemisbrûkHadrianusPinguïnsGedachtestreekje1889GeografyKirgyzjeSpaanske grypEkshibisjonismeMichelle TuckerPornofilm24 novimberFideospultsjeSneonFrou6 augustusISO 3166-1FryskSoarteGizehVanessa Sky24 desimber800BachelortitelLuna SilverLinda TerpstraYndoneezjeRuslân1901San Francisco1904Feriene NaasjesSlach by AneFilmprodusintEarste WrâldkriichTurkijeToplessGroubekpappegaaidoJulie SkyhighKomoarenpappegaaidoSalma HayekEksplosyf1954Amerikaanske dollarItaaljeFellatioSeksuele opwiningCassidy BanksGoogleTongaHans Vredeman de VriesAustraalje (lân)OanslachkuiersportBommesmiter11 maartNikola TeslaRedbadArsjitektRûandaAken196010 desimber27 septimber🡆 More