Willem Ii Fan Dútslân

Friedrich Wilhelm (Willem) Viktor Albert von Preussen (Potsdam, 27 jannewaris 1859 - Doorn (Nederlân), 4 juny 1941), út it Hûs Hohenzollern, wie fan 1888 - 1918 de lêste kening fan Prusen en de tredde en lêste keizer fan it Dútske Keizerryk.

Willem wie de âldste soan fan Frederik III. Nei de dea fan syn heit (keizer Willem I) yn 1888 waard Willem II kening fan Pruisen en keizer fan Dútslân.

Willem Ii Fan Dútslân
Willem II mei Auguste Victoria

Kânselier

Yn 1890 ûntsloech Willem II Bismarck, omdat hy syn eigen kânselier wêze woe. Willem II farde in eigen koers, dy't bekend waard ûnder de namme "Neue Kurs", wêryn't lykwols gjin echte line yn te ûntdekken foel. De brek mei Otto von Bismarck late ta in ûnoarderlik belied. Hy samle jaknikkers om him hinne, wêrtroch't hy by styeay wie om fout nei fout te meitsjen.
Willem II sei it werfersekeringsferdrach mei Ruslân op, wêrtroch't de relaasje fan Frankryk mei Ruslân ferstevige waard. Hy bersocht de sosjale omstannichheden fan de legere klassen te ferbetterjen, mar wie dêryn net súksesf. Ek joech er de boeren yn Súd-Afrika it idee har ûndersteune te sillen, mar luts dizze steun werom doe't de Boereoarloch útbruts. Ek wie hy troch ûnhandige aksjes mei skuldich oan it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch.

Balling yn Nederlân

De Dútske Keizer Willem II moast oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch, yn 1918, Dútslân ferlitte. Him wie troch ien fan syn generaals de hearigens opsein. By greve Bentinck op it kastiel Amerongen yn Nederlân krige Willem II ynearsten in ûnderkommen. Yn 1920 kocht de eks-keizer yn Nederlân Hûs Doorn oan. Willem II liet yn it hûs frijwat feroarje om it nei syn winsken yn te rjochtsjen. Ek de yngong fan it terrein waard feroare. Oan de eastkant fan it foarplein fan it hûs waard in nij poartegebou setten.

Kastiel Doorn

Willem Ii Fan Dútslân 
Willem II mei frou en styfdochter yn Doorn (1931)

Doe't eks-keizer Willem II him definityf yn Doorn fêstige hie, liet hy, om it kastiel fierder yn te rjochtsjen, ferskaat guod út Dúslân oerkomme. It wie in fracht fan twaenfyftich spoarweinen, dy't folpakt wiene mei meubels, unifoarmen, jewielen enfh.. Ek syn samlingen wienen dêrby, wêrûnder syn ferneamde kolleksje tabaks- en snúfdoazen. In diel fan de besittings fan de keizer waard yn de Twadde Wrâldoarloch nei Berlyn oerbrocht en is dêrnei yn Ruslân bedare, mar wat der noch is, kin hjoeddeisk noch yn Doorn besjoen wurde.

Houliken

Op 27 febrewaris 1881 troude hy mei prinsesse Augusta Fiktoaria fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburch-Augustenburch (1858-1921), in dochter fan Frederik fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Augustenburg. Se krigen sân bern. Hja ferstor al yn 1920, it jier dat Willem II him yn huzinge Doorn ta wenjen sette. Willem II wertroude mei Prinsesse Hermina fan Reusz, dy't him seis jier oerlibbe. De eks-keizer stoar yn 1941 yn Huzinge Doorn. Nei de dea fan Willem II gie prinsesse Hermine nei Dútslân werom dêr't se yn 1947 ferstoar.

Bern

Ofbyld Namme Berne Ferstoarn Bysûnderheden
align=center Kroanprins Wilhelm 6 maaie 1882 20 july 1951 Boaske yn 1905 mei Cecilie fan Mecklenburg-Schwerin.
Willem Ii Fan Dútslân  Prins Eitel Frederik 7 july 1883 8 desimber 1942 Boaske Sophie Charlotte fan Aldenboarch.
Willem Ii Fan Dútslân  Prins Adalbert 14 july 1884 22 septimber 1948 Boaske Adelheid Arna fan Saksen-Meiningen.
Willem Ii Fan Dútslân  Prins August Wilhelm 29 jannewaris 1887 25 maart 1949 Boaske Alexandra fan Sleeswijk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg.
Willem Ii Fan Dútslân  Prins Oscar 27 july 1888 27 jannewaris 1958 Boaske grevinne Ina Marie fan Bassewitz-Levetzow.
Willem Ii Fan Dútslân  Prins Joachim 17 desimber 1890 18 july 1920 Boaske Marie Auguste fan Anhalt. Plege yn 1920 selsmoard.
Willem Ii Fan Dútslân  Prinses Victoria Louise 13 septimber 1892 11 desimber 1980 Boaske Ernst August fan Brunswyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Tags:

Willem Ii Fan Dútslân KânselierWillem Ii Fan Dútslân Balling yn NederlânWillem Ii Fan Dútslân Kastiel DoornWillem Ii Fan Dútslân HoulikenWillem Ii Fan Dútslân185918881918194127 jannewaris4 junyDútske KeizerrykHûs DoornKeizerNederlânPotsdamPrusen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Koördinearre WrâldtiidAmerikaansk-IngelskMilitêr transportfleantúchGrut-Brittanje24 augustusFolksmuzykModel (berop)HûnEjakulaasjeJohn de Mol1910LapdanceFeanster Feart15 maaieNoard-FryslânPolitikusRôze leppelbekHan PeekelLuna RivalSkiednisCarmen HayesSweedsk30 novimber1838Lockheed C-5 GalaxyHTMLCowgirlhâldingBedriuwJade JantzenKeunstnerMysenePinguïnsKomoarenAngelica RavenTresoarRillaardNatuerkundeOera Linda BoekAleksander de GrutteThe FensKommissaris fan de KeningKilesturtpappegaaido1649Angelica MiraiFûgeltrekFrysktalige WikipedyJohnny CashMagintaFaginaRocco SiffrediLeppelbekNeakenmodelWrotmûseftigenSnoadfoanList fan sterke tiidwurden yn it FryskGangbang22 aprilJulie SkyhighFeriene SteatenKunnilingusMissoery (steat)FraachpetearKimberly KendallEadweard MuybridgeEmiel StoffersPornhubLatécoère 300Wringeleazen852SkiermûntseagerskJaylene RioSaya Song23 april🡆 More