Wet Fan Buys Ballot

De wet fan Buys ballot is in wet út de meteorology dy't oanjout hokker ôfwiking luchtstreamen krije troch it draaien fan de ierde.

De wet waard neamd nei de Nederlânske meteorolooch Christophorus Buys Ballot, dy't de wet yn novimber 1857 publisearre yn de Comptes Rendus.

Wet Fan Buys Ballot
Luchtbewegings om lege- en hegedrukgebieten yn it noardlik en súdlik healrûn
Wet Fan Buys Ballot
C.H.D. Buys Ballot

In jier foar de ûntdekking troch Buys Ballot waard de ferskining dêr't de wet op basearre wie al troch de Amerikaanske waarkundigen J.H. Coffin en William Ferrell beskreaun. Buys Ballot wie lykwols de earste dy't in empiryske ûnderbouwing by harren teory wist te leverjen.

Wet

As immen op it noardlik healrûn mei de rêch yn de wyn stiet, is de luchtdruk oan de lofterkant leger as oan de rjochterkant. Op it súdlik healrûn is it krekt oarsom. Op it noardlik healrûn waait de wyn fan in hegedrukgebiet nei in legedrukgebiet mei in ôfwiking nei rjochts. Op it súdlik healrûn wykt er ôf nei lofts. Dat komt troch it draaien fan de ierde om syn as hinne.

Korioliskrêft

De korioliskrêft jout de grûnslach foar de wet fan Buys Ballot. As de Ierde net om syn as hinne draaie soe, soene streamende luchtmassa's yn in rjochte line bewege as der fierder gjin oare krêft op wurkje soe. It draaien fan de Ierde hat foar de atmosfear ta gefolch dat bewegende luchtmassa's, dêr't fierders gjin oare krêft op wurket, fansiden flugger bewege. Op it noardlik healrûn fynt in akseleraasje plak nei rjochts neffens de rjochting dêr't de lucht op dat stuit yn streamt, en op it súdlik healrûn in akseleraasje nei lofts.

Is der earne in legedrukgebiet, streamt de lucht ornars dêr nei ta. Mar troch it korioliseffekt streamt de lucht dêromhinne. Lucht dy't troch wriuwing syn faasje justjes ferliest, sil troch de krêft fan it luchtdrukferskil justjes flugger yn de rjochting fan it sintrum fan it legedrukgebiet streame, dochs de korioliskrêft makket it sa dat de faasje wer heech bliuwt.

Keppeling om utens

Tags:

1857IerdeMeteorologyMeteoroloochNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Iepenbiering fan AdamCarl Friedrich GaussSoarteJayden LeeAnnebuorren (It Hearrenfean)Bisdom HelsingørSkermjen op de Paralympyske Simmerspullen 1976ISO 3166-1UnstjerlikensGray's Anatomy1944BommesmiterMediaWikiPappegaaidowenNightwishJouke Annes BakkerSkyy BlackISBNGolf op de Olympyske SimmerspullenHûnefangerCees JongsmaKaCarolus LinnaeusSensual JanePornografyBrühlAfrikaYndiaaske pappegaaidoTwitterGokkenMisjonarishâldingMarijn KuipersFeriene Steaten27 maartWillem Cornelis de Groot1899Moriah MillsGrimalkin (mytysk wêzen)2017IuwskemaSpanjeBoerûpappegaaidoGeorgia O'KeeffeRay LiottaGreveslot DiezNoardfryskBoarstfergruttingNederlânAugust StrindbergSieds LyklesPrins EdwardeilannenCocktail (film út 1988)HasmoneeërsMasahiro FukudaSjinkie KnegtJohnny CashDaisy SummersList fan Frysktalige tydskriftenSnein2001Sophie HilbrandJosy BlackKilesturtpappegaaidoSineeske baltsjesPromoasjeRugby op de Paralympyske SimmerspullenComité flamand de France🡆 More