Wertheim is de noardlikste stêd fan de Dútske dielsteat Baden-Württemberg en grinzget oan Beieren.
De stêd leit likernôch 70 kilometer súdeastlik fan Frankfurt am Main en 30 kilometer westlik fan Würzburg. It is de op ien nei grutste stêd fan de Main-Tauber-Kreis en hat foar de omlizzende gemeenten in sintrumfunksje. Sûnt 1 jannewaris 1976 is Wertheim in seanemde Große Kreisstadt, in stêd dy't in diel fan de taken fan de landkreis of kreis sels útfierd. De stêd leit op it plak dêr't de Tauber yn de Main mûnet.
Wertheim | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Hessen |
Lânkring | Main-Tauber-Kreis |
Sifers | |
Ynwennertal | 22.879 (31.12.2020) |
Oerflak | 138,63 km² |
Befolkingstichtens | 165 / km² |
Hichte | 145 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 50° 0´N 08° 0´E |
Webside | www.wertheim.de |
Wertheim is te ferdielen yn fiif stedsdielen en fyftjin doarpen. Ta de stedsdielen hearre: Bestenheid, Eichel-Hofgarten, Reinhardshof, Vockenrot en Wartberg. De doarpen (Ortschaften) binne: Bettingen, Dertingen, Dietenhan, Dörlesberg, Grünenwört, Höhefeld, Kembach, Lindelbach, Mondfeld, Nassig, Reicholzheim, Sachsenhausen, Sonderriet, Urphar en Waldenhausen.
Argeologyske fynsten wize op in bewenning sûnt likernôch 5000 iuw foar Kr. en yn de izertiid troch Kelten. Wertheim waard nei alle gedachten yn de 7e of 8e iuw stifte.
De boarch fan Wertheim datearret út de 12e iuw, lykas ek de eardere abdij Bronnbach by it doarp Reicholzheim.
De ekonomyske bloei fan Wertheim wie eartiids fral te tankjen oan it gaadlike plak oan de mûning fan de Tauber yn de Main. Ek de glêsfabriken brochten de stêd wolstân.
Al sûnt de 13e iuw hie Wertheim in joadske mienskip, ien fan de âldsten fan it lân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wertheim, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.