Hynder Wabe

Wabe (1991 – 2015) wie in Fryske hynst dy't bekendheid krige troch syn rol yn ferskate films en tillefyzjesearjes.

Wabe
bysûnderheden
soarte bist hynder (Fries)
berne 1991
berteplak Hynder Wabe Nederlân
deagien july 2015
stjerplak Hynder Wabe Nij-Seelân
aktyf as dekhynst, dressuerhynder,
filmhynder
reden
  bekendheid
brûkt foar ferskate bekende
   films en tillefyzjesearjes

Libben

Wabe waard yn 1991 yn Nederlân smiten, mar waard letter nei Skotlân ta ferkocht, dêr't er ferskate jierren lang dekhynst wie. Yn 2004 waard er kocht troch de mem fan 'e Nijseelânske amazône Hayley Moore, dy't him beried by dressuerwedstriden. Wabe wie de earste Fries dy't dêr yn Nij-Seelân oan meidie, en loek gâns besjoch.

Under ien fan dy wedstriden foel er op by de makkers fan 'e film The Chronicles of Narnia, dy't in grut swart hynder mei folle moanjes sochten. Sadwaande rekke Wabe belutsen by it meitsjen fan dy film, en letter wied er ek te sjen yn û.m. de film Underworld, en de tillefyzjesearje Legend of the Seeker. Wabe sels genoat fan alle oandacht dy't er krige. Neffens Moore wied er in útslover, dy't krekt ekstra syn bêst die as er wist dat der nei him sjoen waard.

Wabe gie mids july 2015 dea, doe't er 24 jier wie. De Moores begroeven him op harren eigen lân yn Nij-Seelân, njonken in foege beek. Boppe-op it grêf planten se in magnoaljebeam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ––, Filmpaard Wabe sterft in Nieuw-Zeeland, yn: de Ljouwerter Krante, 31 july 2015.

Tags:

19912015FilmFrysk hynderTillefyzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Demokratyske Republyk KongoBeverrôtJohan Vegelin fan ClaerbergenAkkrumFideospultsjeJachtfleanmasineAnkie van der MeerEastlike rotsmûsKandi KreamKroandowenNew York (stêd)FetysjmodelNovialSkiednis fan FryslânGrutte SlinkSteatestaveringWiskonsinMinnie BeetsPolitikusJordaanjeRichard LanginJurjen DreeuwsStasjon Vries-SúdlarenDomein (taksonomy)VriesLady GagaNynke HeegDe Eerste PrijsHûnsrichPoalenTerritoarium HawaïVictoria JuneMoriah MillsNoard-NederlânJulie SkyhighKimia KanvariKatt DylanSierra LeöaneSúdwest-FryslânWetHarley RaineLiteratuerNeakenmodelList fan Fryske famkesnammenAngelsaksyske AmerikanenEdsger Wybe Dijkstra1941Nina AgdalMargot BegemannOerwûn bernJade JantzenSjongerDresdenCandy MansonSekshâldingVina SkyTiidsôneRotterdamBank (finansjele ynstelling)RjochtbankNicole BexleyTechnologyCowgirlhâldingFresia (midsiuwen)SamoähunningiterCJ MilesSimmertiidYby PotlatchLulu Chu🡆 More