Vreeswijk

Vreeswijk is in earder doarp en eardere gemeente oan de rivier de Lek yn de Nederlânske provinsje Utert.

Sûnt 1971 is it plak en de gemeente in wyk fan Nieuwegein. De wyk Vreeswijk hat 3.428 ynwenners (2018).

Vreeswijk
Vreeswijk Dorpsstraat yn Vreeswijk
Flagge Wapen
Vreeswijk Vreeswijk
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Vreeswijk Utert
Gemeente Vreeswijk Nieuwegein
Sifers
Ynwennertal 3.428 (2018)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 0' NB, 5° 6' EL
Vreeswijk
Lokaasje fan Vreeswijk yn de gemeente Nieuwegein

Skiednis

It gebiet fan Vreeswijk wie yn iere tiden in sompich gebiet dat gauris ûnder wetter rûn. Bewenning wie mooglik op in âlde streamrêch. Dat wie in âlde rivierbêd dy't ferlâne rekke en troch sediminten en in sânige ûndergrûn heger lei as it omlizzende feangrûn dy't troch beklinken stadichoan fersakke. Yn de twadde helte fan de sande iuw sette in groep Fryske hannelers harren nei wenjen yn it gebiet. De namme betsjut dus ek "delsetting fan de Friezen". Yn de njoggende iuw wurdt der yn de eigendommelist fan de Sint-Martenstsjerke fan Utert nei it doarp ferwiisd as Fresionouuic. Dat is in gearstalling fan Fresia (Frysk) en wic (delsetting as wyk). Yn 1217 wurdt it doarp yn in oarkonde fan Otto fan Lippe as in karspel neamd.

Troch it ôfdamjen fan de Krûme Ryn by Wyk by Duerstêd yn 1122 en de Hollânske Isel yn 1285 rekke de stêd Utert syn ferbing mei de Ryn kwyt. Dêrom moast der hastich in nije ferbining groeven wurde. De Vaartse Rijn waard fan Utert nei de Lek oer Jutphaas nei Vreeswijk groeven. Dêr siet in daam, dêr't hannelsguod oerhinne laden waard en lytse skippen nei alle gedachten oerhinne lutsen waarden. Yn 1373 waard dêr in slûs, de Oude Sluis (âlde slûs), boud. Om dy slûs hinne ûntstie in doarp. Dat doarp lei justjes tichter by de Lek as de oarspronklike delsetting. By de slûs waard troch de Utertske gilden in fêsting, Gildenborg neamd, boud. Dêr koene 60 manlju yn ûnderbrocht wurde. Yn 1482 waard de fêsting troch David fan Boergonje en de Hollanners mei de grûn lyk makke.

Yn 1815 bruts rivierwetter troch de slûs hinne en strûpte it lân benefter de dyk ûnder wetter. Yn de jierren 1822-1824 waard it slûzekompleks folslein ferboud. De stêd Utert draaide foar de kosten op. De slûs foarme dêrnei in wichtige skeakel yn de Keulse Vaart, de farrûte fan Amsterdam nei de Ryn.

Yn 1881 waard it Merwedekanaal fan Amsterdam oer Vreeswijk en Fianen nei Gorkum groeven, om't de Keulse Vaart net mear gaadlik foar de skipfeart út dy tiid wie. Dat joech in grutte ympuls oan it doarp. Yn 1892 waard de slûs fan dat kanaal by Vreeswijk pas iepene troch de doe 11-jierrige keninginne Wilhelmina en har mem keninginne-regintesse Emma. Dêrom waard de namme fan de slûs de Koninginnesluis (Keninginneslûs).

Yn 1915 waard it Prins Hendrik Internaat iepene, om skippersbern in goede oplieding te jaan.

Yn 1931 foldie it Merwedekanaal ek net mear oan it drokke wetterferkear dy't hindere waard troch de hoemannichte draaibrêgen oer it kanaal hinne. Der waard besletten en graaf it Amsterdam-Rynkanaal fan Amsterdam nei Tiel. It nije kanaal kaam lykwols in ein eastlik fan Vreeswijk te lizzen. Op 'e hichte fan Jutphaas bûgde it nije kanaal eastlik. By dy bocht waard wol in ôfspjalting, it Lekkanaal, nei Vreeswijk ta groeven. Dy kaam lykwols ek eastlik fan Vreeswijk te lizzen. Dêr't it kanaal yn de Lek út kaam waard de Prinses Beatrixsluis boud. Dy waard op 23 maart 1938 iepene. It nije kanaal lei bûten Vreeswijk en dus gie it wetterferkear net mear troch it doarp hinne. Dat betsjutte in klap foar de middenstân fan it doarp.

Nei de Twadde Wrâldkriich woeks it doarp lykwols fluch. Troch it wentetekoart dy't der nei de kriich yn Nederlân ûntstie wie der ferlet fan in soad nijbou. Om de stêd Utert te ûntlêsten kaam der yn de doarpen Vreeswijk en Jutphaas ek in soad nijbou by. De wyk Zandberg waard boud. Yn de 1960-er jierren besleaten de gemeenterieden fan Vreeswijk en Jutphaas om harren sels op te heffen en foarmje yn 1971 it nije plak en gemeente Nieuwegein.

Vreeswijk is sûnt dy tiid, tegearre mei Jutphaas, ien fan de âlde kearnen fan Nieuwegein. Yn Vreeswijk is in lyts winkelsintrum en binne der in tal restaurants. It âlde Vreeswijk is in beskerme doarpsgesicht.

Nij-Vreeswijk

Nij-Vreeswijk (Nieuw-Vreeswijk) is in nije wenwyk noardlik fan Vreeswijk dy't tusken 2005 en 2007 boud waard. De wyk bestiet út 425 wenten, dêr't 30% sosjale wentebou fan is. De wyk grinzget yn it easten oan it Merwedekanaal en de Vaartse Rijn, yn it noarden oan yndustryterrein De Wiers en yn it suden oan it âlde doarp Vreeswijk.

In part fan de wyk is as in âld skippersdoarp, as ferwizing nei de skiednis fan Vreeswijk, neiboud. Om't de wyk in gebietsútwreiding fan Vreeswijk is, waard foar de namme Nij-Vreeswijk keazen. Der is in rekreaasjehaven dêr't rekreanten simmerdeis harren skip oan wâl lizze kinne om Vreeswijk te besykjen.

Ofbylden

Berne yn Vreeswijk

  • Huub van Heiningen (1924-2018), publisist
  • Nico Schouten (1945), SP-politikus
  • Geertje Mak (1961), histoarika

Sjoch ek

  • Fresvik, Noarwegen
  • Freswick, Skotlân
  • Friezenwijk yn Heukelum yn de Betuwe.

Keppeling om utens

Vreeswijk  Commons: Vreeswijk – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Vreeswijk SkiednisVreeswijk Nij-Vreeswijk OfbyldenVreeswijk Berne yn Vreeswijk Sjoch ekVreeswijk Keppeling om utensVreeswijk1971Lek (rivier)NederlânNieuwegeinUtert (provinsje)Wyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

13 junyKaliningradPearsJulie SkyhighFaginaTongaOflûken (seksualiteit)J. MacArgentynjeSinne-enerzjyGeografyMiddellânske SeeMarilyn CrystalLannen en territoariaAjaks (mytology)188912 maartFlechtleaze fûgelIrakEtnografyPortegalJonkheidTelegram (applikaasje)Slach by AneKrêft31 desimberHelpAfrica SexxPinguïnsVina SkySkoanfamyljeRivierSan Francisco197766 f.Kr.RôfdierenAlawiten13 maartSalomonseilannenKascha PapillonCowgirlhâldingMenameradielIerlân2020Sarah YoungDniproYnternasjonaal Systeem fan IenhedenPenisSarah BanksEksplosyf16 aprilKatee OwenSekondeAzerbeidzjaanskSensual JaneFeneesje (stêd)2019Mozilla Firefox3 aprilFideospultsjePornografyske filmBeauty DiorTekenteltsje16 julyPappegaaidowen1983SeksTiisdei🡆 More