Vivienne Clash

Vivienne Clash, echte namme ûnbekend (Boedapest, 2 febrewaris 1976), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Vivienne Delon, Fanny Horst, Vivien Morillo, Vivienne Morillo, Vivienne Nadas, Vivian Tora en Vivien Tora.

Hja sette yn 1995 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2002 beëinige Clash har karriêre as pornoaktrise.

Vivienne Clash
Vivienne Clash persoan yn de seksyndustry
Vivienne Clash
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Vivienne Delon, Fanny Horst,
Vivien Morillo, Vivienne Morillo,
Vivienne Nadas, Vivian Tora,
Vivien Tora
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Vivienne Clash Hongaarsk
berne 2 febrewaris 1976
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Vivienne Clash Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19952002
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Clash waard yn 1976 berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Hja waard yn 1995 ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa audysjes hold op 'e siik nei nij talint. Datselde jiers noch, doe't se njoggentjin jier wie, makke Clash har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se de folgjende jierren yn totaal yn 56 pornofilms, wêrby't se sawol yn 'e Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry wurksum wie.

Yn Jeropa wie Clash benammen aktyf foar it Sweedske Private-label, mar wurke se ek wol foar de Dútske studio Videorama en de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group. Oare kant de Atlantyske Oseaan wie se yn 't spier foar sokke foaroansteande labels as Anabolic Video, Sin City, New Sensations, Evil Angel, Wicked Pictures en Devil's Film.

Under har karriêre yn 'e pornoyndustry wurke Clash gear mei manlik tsjinspilers as Tom Byron, Christoph Clark, Mark Davis, Alain Deloin, Jon Dough, Frank Gun, Nick Lang, Richard Langin, Jean-Yves Lecastel, Roberto Malone, Zenza Raggi, Alberto Rey, Rocco Siffredi, Joey Silvera, Philippe Soine en Jake Steed. Yn 2002 loek se har nei in wurkpaad fan sân jier út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Vivienne Clash is blank, mei brune eagen en rodzich brún hier. Gegevens oer har lingte, gewicht en kupmaat binne net foarhâns, mar hja hat natuerlike grutte boarsten. Behalven troch har earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Vivienne Clash Libben en karriêreVivienne Clash LichemsskaaimerkenVivienne Clash Keppelings om utensVivienne Clash197619952 febrewaris2002ArtystenammeBoedapestFeriene SteatenHongarijeJeropaNammeNeakenmodelPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Krúspunt16 jannewarisPornoakteurLisa TiffianKategoryFryskRae Lil BlackKavia6 junyFrankrykScheme21e iuw13 aprilMuntsjesylPitersylRomeinske RykMeksiko-StêdOldekerkYnvestearjenKascha PapillonBedriuw1742NeakenfotografyBernepornografyKlaverblêd (knooppunt)Astrology4e iuw201119679 maaieYndoneezjeLibanonMarika FruscioTechnologyAllemannenMearumDe HolderEvelyn LinSebaldebuorrenNoardamerikaanske reade iikhoarntsjesGoudhaantjegewoan jier fan snein ôfJoyce OliveiraBeamiikhoarntsjesAmanda SteelJade KushZaya CassidyGeorge H.W. BushJapan1873Priya PriceMaya BijouGeografyske koördinatenJan Herder20121994Dútsk174MauretaanjeHurde pornografyFellatioEmanuel (skûtsje)Skiednis fan SpanjeAbbekaatArtefakt (archeology)NeakenmodelWieke BoschStjerknooppuntKnooppunt DrachtenPaulina SeikolaSasha BeartList fan sterke tiidwurden yn it Frysk🡆 More