Vincent Robert Bijlo (Amsterdam, 27 april 1965) is in Nederlânske kabaretier, skriuwer en kollumnist.
Vincent Bijlo | ||
Vincent Bijlo (2020) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Vincent Robert Bijlo | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 april 1965 | |
berteplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | kabaretier, skriuwer, kollumnist, podcastmakker | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
Bijlo, dy't by syn berte al blyn wie, brocht in part fan syn jonkheit troch op it Koninklijk Instituut tot Onderwijs voor Slechtzienden en Blinden yn Huizen. Nei it beheljen fan syn vwo-diploma oan it St. - Vituscollege yn Bussum (1985) studearre Bijlo in pear jier Nederlânsk oan de Universiteit Utert (1986 -1988). In earste sukses as kabaretier kaam yn 1988 mei it beheljen fan de publyks- en persoanlikheidspriis op it Leids kabaretfestival.
Yn 1998 publisearre hy syn debútroman "Het Instituut", wêrnei't noch 3 romans folgen.
Bijlo is ek kollumnist, ûnder mear trije kear yn de wike foar it AD. Ek hat er in fêste kollum yn it Feyenoord Magazine en it UWV-magazine. Ien kear yn 'e moanne skreau er in reportaazje foar it deiblêd Trouw. Hy levere ek bydragen yn NRC Handelsblad. Ek hie er geregeld in kollum by BNR-nijsradio. Op NPO Radio 1 presintearre er 10 jier lang alle wiken " HollandDocRadio ", it radiodokumintêre-programma fan de NPS / VPRO / Publike omroppen.
Sûnt syn iere jeugd spilet Bijlo ferskate muzykynstruminten, ûnder mear piano, drums, bas, gitaar en ukelele.
Bijlo is polityk aktyf by de Bunnikse partij Perspectief 21, in gearwurkingsferbân fan GrienLinks en de PfdA. Hy wurke as fraksjemeiwurker foar de partij en sit sûnt 2015 yn it bestjoer fan dizze partij. Sels is Bijlo lid fan GrienLinks. Bijlo hie ek in kollum yn de Rode Draad, it kaderblêd fan GrienLinks. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en de gemeenteriedsferkiezing yn Utert yn 2010 wie er listtriuwer fan dizze partij. Bijlo stipet in soad goede doelen op it mêd fan natuer en miljeu.
Fan 2005 ôf is er aktyf as ambassadeur fan de Nacht van de Nacht.
Bijlo is in oerpakesizzer fan de Nederlânske arsjitekt en stêdeboukundige Hendrik Petrus Berlage.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vincent Bijlo fan Wiki Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Sjoch nl:Vincent Bijlo |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Vincent Bijlo, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.