Utjouwerij Wijdemeer (offisjele namme: Uitgeverij Wijdemeer) is in Fryske útjouwerij dy't fêstige is oan it Suderbolwurk yn Dokkum.
It bedriuw waard yn jannewaris 2012 oprjochte troch Louw Dijkstra, dy't foartiid as redakteur by Utjouwerij Bornmeer wurke. Wijdemeer jout foar it meastepart non-fiksje út.
Utjouwerij Wijdemeer | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Dokkum | |
oprjochte | 2012 | |
oprjochter | Louw Dijkstra | |
eigner | Louw Dijkstra | |
offisjele webside | ||
www.wijdemeer.nl |
Wijdemeer presintearret him as in "kompakte en fleksibele útjouwerij", mei lege overheadkosten en in tige effisjinte bedriuwsfiering. De útjouwerij makket optimaal gebrûk fan 'e moderne kostebesparjende mooglikheden yn 'e grafyske technyk. Wijdemeer jout boeken út foar partikulieren, ynstellings, ferienings, oerheden en bedriuwen.
De útjouwerij lit him foarstean op in grut netwurk oan auteurs, redakteurs, oersetters, foarmjouwers, yllustrators en drukkers, en ûnderhâldt in formele partnerskip mei de Dokkumer Drukkerij Douma. Wijdemeer kin boeken tsjin in skerpe priis yn lytse oplagen publisearje. Ek is it mooglik om gjin boek, mar bgl. in e-book, app of dvd te meitsjen en út te bringen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Utjouwerij Wijdemeer, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.